ELP Smellingerlân: boargemaster sjit tekoart yn kwestje mei geheime appgroep

De personalia fan Chiel Bolt © Omrop Fryslân

Riedslid Chiel Bolt (ELP) fan Smellingerlân fynt dat boargemaster Jan Rijpstra tekoartsjit yn de opskuorsituaasje yn de ried fan Smellingerlân.

It is al in pear wike wer ûnrêstich yn de ried. Riedslid Dinie Mulder (Sociaal Lokaal Smallingerland) hat freed oanjefte dien fan smaad en laster tsjin Tjebbe van der Meer (CDA) en Roy Postma (D66).

Neffens Mulder soene de twa ûnderdiel útmeitsje fan in geheime WhatsApp-groep, dy't guon riedsleden brûke soene om oare riedsleden te berabjen en te misledigjen. Bolt wist neat fan in app, oant it yn de krante stie: "Dat fyn ik hiel beskamjend."

Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Chiel Bolt.

De ried wie foar in lange tiid net op 'e hichte dat Mulder oanjefte dwaan woe. "Dat is hiel frjemd, yn de krante stiet dan ynienen in grut stik, dêryn wurde nammen neamd en der wurdt gewoan mei modder goaid", seit Bolt.

Chiel Bolt oer de oanjefte fan Dinie Mulder

It die ek bliken dat yn july de situaasje al oankaarte wie by boargemaster Jan Rijpstra. Reden dus foar de partij fan Bolt om fragen te stellen. Mar dat wie net de bedoeling, fûn it presidium. Dy frege Bolt om noch mar even te wachtsjen mei it stellen fan dy fragen. Wol kaam der in ekskús.

De ELP besleat dêr gehoar oan te jaan en Rijpstra sei in petear mei Bolt ta om antwurden te jaan. "Hy hat sein: ik meitsje in ôfspraak mei jo en dan prate wy oer de fragen. Mar dat is 14 dagen ferlyn en ik haw gjin ôfspraak sjoen", seit Bolt.

Bolt: "Rijpstra sjit tekoart yn dizze saak"

It betrouwen yn Rijpstra is by Bolt dus ek net hielendal mear yntakt. "Ik twivelje net oan de bekwaamheid fan de boargemaster, mar yn dizze saak fyn ik dat er tekoartsjit." Bolt fynt dat Rijpstra de ried al lang byinoar roppe moatten hie: "Dan moat it gean oer hoe't wy alle noazen deselde kant op krije."

Yn de ried fan Smellingerlân hat it net faak rêstich west. Yn de foarige bestjoersperioade fan 2018-2022 binne acht wethâlders opstapt en kaam der in sakekolleezje.

De opskuor is in situaasje yn de lange rige fan ûnrêst. Dy ûnrêst liket hast systematysk. "Dat liket sa en dat is miskien ek wol sa", seit it riedslid. "Ik kin net ûnderbouwe dat it net sa is."

Hoe no fierder?

De fraach is lykwols no hoe't it fierder moat yn de ried. In tal riedsleden hat al oanjûn har net feilich te fielen. "Ik fyn dat de boargemaster, foarsitter fan de ried, aksje ûndernimme moat. Dat docht hy no net genôch."

Bolt jout ek oan dat de oanjefte de situaasje der net makliker op makke hat. Der is dêrnjonken gjin sprake fan skot yn de saak. De ôfrûne riedsgearkomste wie Mulder net oanwêzich troch sykte.

De oanjefte hat wis effekt op de sfear en it betrouwen yn de riedseal, seit Bolt. De fertsjintwurdigers dogge gewoanwei faak efkes in bakje kofje foar't de gearkomste begjint. "Dat is altyd hartstikke gesellich. Mar no tinke je dochs: wa kinne je noch in hân jaan sûnder dat dyjinge wat negatyfs oer je skreaun hat? Dêr haw ik it hiel swier mei."

Bolt oer hoe't it no fierder moat yn Smellingerlân

De ELP freget him dêrom ek ôf oft de ried noch wol beslute kin oer wichtige saken, sa as it swimbad De Welle, of it fleanfjild by Drachten. Oare riedsleden ha dêr noch wol betrouwen yn. "Dy sizze: wy kinne wol mei-inoar beslute, wy bine ommers ek keazen. Dêr haw ik my by deljûn, mar ik fûn it gjin noflike jûn."

Ald en jong

Dat der in kompleet nije ploech komme moat, is ek wer net nedich, fynt Bolt. "It âlde sear siet al foar ús oantreden." Wol is der in sekere 'generaasjekloof' sichtber yn de ried. "Litte wy earlik wêze: ik tink dat de âlde garde minder yn in app sit as de jonge garde."

Boargemaster Rijpstra hat tiisdei yn de ried sein dat er 'wurk meitsje wol' fan it ferbetterjen fan it ûnderlinge betrouwen yn de gemeenteried. Mar hoe't dat krekt moat, bliuwt yn de midden. "Der moat wol wat barre, ik hoopje dat it klearkomt. Mar dan giet it ek oer de partijen en hoe't dy der mei omgeane", seit Bolt ta beslút.

De cartoon fan Gerco van Beek oer Chiel Bolt © Gerco van Beek