FIDEO: Ljochtmêsten meitsje fan nij Cambuurstadion in 'skymarker'

Cambuurstadion hat ljochtmêsten

Mei it pleatsen fan de lampen yn de 'lêste' ljochtmêst, is de bou fan it nije Cambuurstadion in nije faze yngien. "Het stadion is nu echt toegevoegd aan de skyline van Leeuwarden", seit útfierder Justin Boomstra.

Eltse mêst hat no 48 à 50 lampen. Under de luifel fan de tribunes komme dêrnei nochris 100 lampen. Supporters, wurknimmers fan Cambuur en minsken út de bouwrâld komme geregeld ris sjen op it bouplak.

It projekt makket Boomstra grutsk: "Als het licht hier over een jaar aan gaat, weet iedereen dat Cambuur thuis speelt", seit er. "Ik denk niet dat ik dit nog een keer zal meemaken."

Skealik foar fûgels

Minder bliid mei de mêsten is Nynke Rixt Jukema, ambassadeur fan de Nacht. Sy seit dat se skealik binne foar trekfûgels. "Ljouwert leit net fier fan it Waadgebiet. Fûgels dy't dêrwei komme, oriïntearje har mei help fan de stjerrehimel. Troch de ljochtmêsten reitsje se út balâns."

Jukema seit dat út ûndersyk bliken docht dat der mear fûgels deagean troch luchtfersmoarging as oan de plestik sop.