Yn de reade brievebus oan de ein fan de Suderpier yn Harns sit altyd post

© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee

Hielendal oan de ein fan de Suderpier yn Harns stiet in reade brievebus mei de namme 'Gedachten aan zee'. Trije-en-in-heal jier lyn is dizze brievebus hjir delset mei it idee dat minsken harren gedachten, gedichten, leafdesbrieven en tekeningen deryn kwyt kinne.

Dat wurdt manmachtich dien: sa'n trijehûndert brieven wurde der yn in jier stoarten. It idee fan de reade brievebus komt fan Boukje Grandke. It foel har op dat minsken faak nei de ein fan de pier rinne en dan stoarje en mimerje oer de see.

Sy krige it idee dat minsken dy tinzen efterlitte kinne op de pier yn in reade brievebus. Dat wie it begjin fan 'Gedachten aan Zee'.

De reade brievebus "Gedachten aan Zee" © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee

It wie fuortendaliks in grut sukses. Der sit altyd post yn de brievebus. En dat ferskilt fan in pear koarte sinnen op de efterkant fan in boatkaartsje oant prachtige tekeningen. Faak uterje de skriuwers sawol harren blydskip as fertriet.

Sa skriuwt in famke dat se bliid is dat se wer nei pake en beppe yn Harns op besite kin. "Als ik uitkijk over de zee ben ik heel blij, want dan ben ik bij mijn opa en oma. I love Harlingen."

Anonime briefskriuwer

Je was een rots in de branding
En koerste dwars door zee
Je trotseerde storm en golven
Alleen had je de wind niet mee

Mis je! XXX

Op dit stuit wurdt de brievebus alle wiken lege troch in lyts groepke frijwilligers: Dickey Salverda, Peter Visser en Lorette Dorreboom. Boukje Grandke is hjoeddeis wat minder belutsen by de brievebus. Sy wennet no yn Ljouwert.

Neffens Peter Visser soarget it plak foar de grutte oanfier fan post. "De zee is ergens een grens, maar de zee is ook een verbinding tussen iets. Dat is het mooie, dus er komen daar een heleboel gedachten los."

Brieven út de reade brievebus 'Gedachten aan Zee' © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee

Yn novimber wurdt de brievebus altyd fuorthelle fan de pier. Yn ferbân mei it stoarmseizoen kin de bus yn de winter net op 'e pier stean. Ferline winter fûn de reade brievebus in tydlik plakje by it Brouwdok oan de Nije Willemskade.

It is noch net dúdlik oft dat dit jier wer bart. "Het is weersgevoelig", fertelt Dickey Salverda. "In de winter wordt de post nat door de regen. Dat kun je niet meer repareren, dat is gewoon heel erg jammer."

Werom nei it fêste plak

Yn april wurdt de brievebus werombrocht nei it fêste plak oan de ein fan de Suderpier.

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.