Pas op foar de 'klimaatratel': soargen oer klimaatferoaring makket jongerein mismoedich

Still út Takomst Dreamers fan Jildou Smilda © Omrop Fryslân

Soargen oer klimaatferoaring hâldt it dreamen oer de takomst tsjin. Dat lit Geeske Jildou Smilda sjen yn har dokumintêre 'Takomst Dreamers'. Sy is ien fan de trije jonge makkers dy't in kâns krige mei te wurkjen oan in FryslânDOK.

Smilda fan Nij Beets studearre Sustainable Communication yn Jönköping, Sweden. Dizze simmer helle se dêr har master diploma. Har doel wie yn stee fan mei in paper ôf te studearjen, in dokumintêre oer jongeren en klimaatstress te meitsjen. Mar dat mocht úteinlik net.

Duorsumens wie it grutte ûnderwerp fan har stúdzje. "Make sustainibility your everyday life" wie de slogan fan har universiteit. Twa jier lang wie se ûnder studinten dy't dit tige wichtich fine en har dêr foar ynsette wolle.

Klimaatratel

Ynspirearjend, al dy befleine minsken, fûn Jildou. Mar geandewei bemurk se ek wat oars. By harsels en by oare jongeren. It tinken oer de gefolgen fan klimaatferoaring en je eigen rol deryn set ek in rem op frij dreame en tinke oer de takomst.

"Der begjint in hiele list fan beswieren te ratteljen yn je holle. En as je der net om tinke kinst der bot somber fan wurde." Jildou neamt dit ferskynsel 'de klimaatratel.'

Jildou yn Takomst Dramers, Nije Eagen © Omrop Fryslân

Milieudefensie kaam yn septimber 2023 mei de resultaten fan in ûndersyk. It brocht oan it ljocht dat ien op de fiif jongeren klimaatstress ûnderfynt. De soargen om klimaatferoaring meitsje harren mismoedich, machteleas. Se pikerje en sliepe min.

Klimaatstress ûnder jongerein ûndersocht

Jildou werkent it allegear, mar wol dêr ek wat tsjinoer stelle. Se wol ûnder jongeren de diskusje op gang bringe wat je der oan dwaan kinne om net yn dy negative tinkspiraal te bedarjen. In dokumintêre soe in moai middel wêze om dat te ûndersykjen.

Aiske yn Takomst Dreamers, Nije Eagen © Omrop Fryslân

Ofstudearje mei in film wie foar Jildou net in opsje, mar in lytse film oer dit ûnderwerp foar FryslânDOK wol. Yn it projekt Nije Eagen wurde elts jier trije jonge makkers frege om in koarte doku fan tsien minuten te meitsjen. Jildou skreau har yn en kaam mei har plan 'Takomst Dreamers' troch de seleksje.

Posityf bliuwe

Yn dizze koarte film sprekt se Aiske Taverne en Leonard Alexander Wallstein.

Leonard yn Takomst Dreamers fan Nije Eagen © Omrop Fryslân

Akse wol graach reizgje, mar hat harsels op rantsoen set. Se mei mar ien grutte reis yn har libben meitsje, fynt se. En dy hat se al makke, nei Nij Seelân. Har âlders fine dat se wat te streng is foar harsels.

Leonard tinkt by alles wat er docht: is dit wol in ferstandige, duorsume kar? Gek wurdt hy der somtiden fan.

Jildou Smilda sels sit ek yn de film. De trije jongeren prate op de ein mei elkoar. Se wolle posityf bliuwe, net fuortsakje yn in 'doomsenario'. Sels bydrage en hoop hâlde.

Sjoch hjir nei de dokumintêre:

Nije Eagen

Ien kear yn it jier krije trije jonge makkers de kâns om in koarte dokumintêre te meitsjen. Foarm en ynhâld meie dryst wêze. FryslânDOK siket bewust de grinzen op mei Nije Eagen.

Neist 'Takomst Dreamers' fan Jildou Smilda is ek de dokumintêre 'SENUWEN' fan Maaike Meindertsma te sjen. In tige byldzjende film wêryn't se ûndersiket wat der bart ast de senuwen hast. Hendrik Gores jout dêrnjonken syn fisy op oorsaak en gefolch fan earmoed syn film 'Eigen Schuld'.