Luc rûn fuort út in sluten jeugdynstelling, de kâlde nacht yn

Luc © Tim Bary

Lucas (15) rint fuort út in sluten jeugdynrjochting en bellet Tim. Filmregisseur Tim Bary leit it ferhaal fan Luc fêst mei syn kamera. Wit 'it systeem' wol ried mei jonges as Luc? Dat is ien fan de fragen yn it dokumintêreprogramma DOKtober, dêr't de film 'Luc' te sjen is.

De 15-jierrige Lucas wit te ûntsnappen út in sluten jeugdynrjochting yn Amsterdam. Koart dêrfoar hat er filmregisseur Tim moete, dy't in film meitsje wol oer de freonegroep fan Luc. It momint dat Luc Tim bellet en fertelt dat er op 'e flecht is, is it begjin fan de film 'Luc'. Tegearre prate se in protte oer de situaasje dêr't Luc yn sit.

Luc © Tim Bary

De earste soarch is dêr't Luc sliepe moat. Hy soe wol nei syn heit ta wolle mar is benaud dat de plysje him dêr op it spoar komt. Earne wit er wol in plak dêr't er bûtendoar sliepe kin. Mar Tim Bary, de filmer, lit dat net ta. Se beslute de kâlde nacht dan mar yn 'e auto troch te bringen en der ûntsteane lange petearen.

Luc fertelt dat er in protte blowt: "Blowen heeft veel invloed op je leven, hoor. Nu ben ik rustig, omdat ik mijn vrijheid heb, maar als ik daarbinnen zit, en ik heb niet geblowd." Hy hâldt even op mei praten, dan: "Ik heb laatst met iemand gevochten. Hij had een jointje in zijn hand. Ik wilde die, maar ik kreeg hem niet."

Luc met zijn moeder © Tim Bary

'Luc' is in yntime film wurden. It hiele ferhaal spilet him foar in grut part ôf yn 'e auto, mei twa minsken. We krije in byld fan wêrom't Luc opsletten sit en wat syn ûnderfinings binne achter de poarte fan sletten jeugdsoarch.

Tim Bary is op dat momint net allinnich filmer mar ek helpferliener, en dat is sa no en dan in lestige posysje. Hy helpt Lucas, mar wol ek net oer syn eigen grinzen hinne gean.

Tim Bary, regisseur 'Luc' © Tim Bary

It ferhaal fan Luc docht tinken oan de jeugdynstelling Woodbrookers yn Koartehimmen. Per 1 july giet dy ticht, en dan bestiet der yn Fryslân gjin sletten jeugdsoarch mear.

Maaike Meindertsma, Karen Bies, Tessel van der Linden, Sammy Shefa Idris © Omrop Fryslân

It Nederlânske regear wol alle 'gesloten jeugdzorg' ôfskaffe, omdat jongerein mei gedrachsproblemen harren frijheid dêr hielendal kwyt is. Yn it jier 2030 moat alles omboud wêze nei lytsskalige foarsjennings, dy't de jongerein feilichheid en beskerming biede.

Yn DOKtober hat Karen Bies in fideoferbining mei regisseur Tim Bary. Oan tafel sitte Sammy Shefa Idris en Tessel van der Linden, regisseur en produsint fan 'King Ridwan', en Maaike Meindertsma, regisseur fan de koarte film 'Senuwen'.

DOKtober is op freed en sneon om 19.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.

DOKtober stiet 14 dagen online op de webside en app fan Omrop Fryslân. Mear ynfo op de programmaside fan FryslânDOK.