Resinsje Fêste Grûn: de wierheid hat in skel lûd

Henk te Biesebeek beskôget de foarstelling 'Fêste Grûn' © Omrop Fryslân

Mei de foarstelling 'Fêste Grûn' spylje Marijke Geertsma en Jan Arendz net op safe. It publyk wurdearret beide spilers ommers benammen fanwegen har noflik toaniel, wêrby't in soad te laitsjen falt.

Dit kear slacht lykwols de wrimpen werklikheid foar master op. In hertstochtlik dokudrama op muzyk en kompleet mei 'voice-over' yn byld brocht.

De foarstelling klapt der daliks yn mei in ûngelok. Sjoernaliste Renate hat in ferslach meitsje moatten fan in gearkomste oer de takomst fan it Fryske plattelân.

Op wei werom rydt se har auto total loss tsjin in flechtheuvel. Sels komt se mei de skrik frij. Se siket help by in pleatske deunby. De boer dy't iependocht, besiket har mei in bearenburch gerêst te stellen. Hy hat dit faker meimakke en bellet yntusken it sleepbedriuw.

Problemen

Yn it petear dat him dan tusken beiden ôfspilet, slacht al gau de fonk oer. De boer en de sjoernaliste, hoe ferskillend ek fan karakter, reitsje fereale.

Dochs doare se dy leafde net daliks út te sprekken. Dêrfoar sitte beiden te folle opsletten yn har eigen wrâld mei beiden har eigen problemen.

In dokudrama mei muzyk © Bruun Kuijt

Boer Rein kin him oars prima rêde. As widner wol er de pleats sa goed as mooglik oan syn dochter oerdrage. Dat falt net ta. Ek hy hat te krijen mei alle gefolgen fan de stikstofproblematyk en sjocht hieltyd minder takomst foar syn bedriuw.

De sjoernaliste hat op har beurt muoite mei de oerflakkige koers fan de krante. Sensaasje en 'nepnijs' geane gauris boppe de wierheid. Boppedat stelt har houlik ek net folle mear foar. It mist har de moed om de sleur te trochbrekken.

Takomst

Dan ûntstiet op it poadium in prachtich spul tusken oanlûke en ôfstjitte. Beide haadpersoanen spegelje harsels oan oan inoar en relativearje har eigen libben. Hokker takomst kinne se noch ferwachtsje? Hawwe se mooglik in takomst mei-inoar?

Dielde emoasjes yn broeierige tafrielen © Bruun Kuijt

Yn in fraai konstruearre tekst lit de oarspronklike skriuwer fan it stik, Tjeerd Bischoff, de twa ferskate libbens fan de haadpersonaazjes gearkomme yn moaie dialogen.

Marijke Geertsma is it boppedat slagge om har oersetting mei omtinken foar it greidefûgelbehear en bioferskaat mear nei Fryslân ta te skriuwen. It is ek Marijke dy't as ferhalende voice-over it publyk oan de hân nimt yn dit dokudrama.

Dêr hie regisseur Bruun Kuijt faaks wat mear fariaasje oanbringe kinnen. De monologen fan de sjoernaliste wurde yn werhelling no wol wat in 'manierke'...

De wierheid hat in skel lûd © Bruun Kuijt

De spanningsbôge wurdt lykwols oerein holden troch de livemuzyk fan gitarist Eddie Mulder. Wat sydlings op it eftertoaniel, mar net te missen oanwêzich.

Mei syn gitaarspyljen, wikselend op fjouwer snaarynstruminten, jout hy likegoed de ferskate sênen as de beide haadpersonaazjes krekt dat bytsje ekstra kleur dat nedich is.

Skruten

Jan en Marijke spylje dy personaazjes libbensecht sûnder fierdere opskik. De boer is in boer neffens de boekjes: oprjocht en eigensinnich. Marijke set benammen de frou dy't it helmhout efkes kwyt is, oertsjûgjend del.

Faaks hie se har rol as sjoernaliste krekt wat assertiver spylje kinnen. It fjoer fan de reporter dy't har nijs de wrâld yn slingerje wol, wurdt no útdôve troch in skruten ferealens.

De muzyk fan Eddie Mulder hâldt de spanningsbôge oerein © Bruun Kuijt

Dochs witte beide spilers de dielde emoasje op te tillen ta hast broeierige tafrielen. Dat is knap as je witte dat se eins gjin geheimen en riedsels mear foar inoar hawwe kinne.

Jan en Marijke steane ommers al mear as 40 jier net allinnich neist inoar op it poadium, mar geane ek as pear troch it echte libben.

Moai hoe't fakmanskip dan dochs oerwint en beide akteurs treflik ferbyldzje hoe't de wierheid yn alle earlikens oerein bliuwt. Ek al hat dy wierheid in skel lûd as de boer net langer wachtsje wol op de wifeljende sjoernaliste.

Klankdekôr

Moai hoe't gitarist Eddie Mulder dan oan 'e ein fan de foarstelling efkes in prominint plak op it poadium ynnimt. En inkeld en allinnich troch it klankdekôr fan syn sfearbepalende muzyk it publyk fiele lit hoe wichtich dizze moeting foar de haadpersonaazjes west hat. Eins foar ús allegear! Moai.