HEA! Jerry, de ferneamste kat fan Grou

HEA! Jerry de kat

Jerry is de ferneamste kat fan Grou. Hy hat syn eigen Facebookpagina mei 1.800 folgers en is altyd yn it sintrum te finen, op 'e siik nei in krûpke en aksje. Eltsenien yn Grou kent Jerry. Mar begjin augustus is Jerry oanriden.

Jerry syn kaak wie brutsen en hy hie ferskate skaafwûnen. Doarpsbewenners ha holpen mei de kosten fan de bistedokter. Jerry sit no alwer moannen thús en it doarp mist 'm. Hjoed sil hy wer nei bûten. De fraach is of Jerry dêr oan ta is, en oft hy syn paad wer werom fynt.