Berging Lancaster klear: mear stoflike resten en bysûndere saken fûn

It plak fan de berging © Omrop Fryslan, Jantine Weidenaar

De bergingsoperaasje fan de Britske bommewerper Lancaster ED603 yn de Iselmar is foltôge. Oant op de lêste bergingsdei waarden der stoflike resten oantroffen. Dêrnjonken waarden ûnder mear in tsjil fan it fleantúch, de boardradio en in piloatestoel fûn.

De berging stie ûnder lieding fan it ministearje fan Definsje en is goed ferrûn, meldt de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn totaal is 40 persint fan it tastel burgen.

In Lancaster © Wikipedia

Fan de sân fleaners dy't yn it fleantúch sieten, wienen der noch trije fermist. Oft dy no allegear fûn binne, is noch net dúdlik. De Bergings- en Identificatiedienst Koninklijke Landmacht (BIDKL) moat de stoflike resten noch ûndersykje.

Ein septimber lei de operaasje noch in wike stil yn ferbân mei de hurde wyn op de Iselmar. Fierder ferrûn de berging soepel. "We zijn tevreden over hoe iedereen te werk is gegaan en hoe de berging is verlopen. Een uiterst respectvol project waar ook op die manier door een ieder mee is omgegaan", seit wethâlder Petra van den Akker fan de gemeente Súdwest-Fryslân.