"Us bedriuw giet nei de kloaten", blautonge slacht hurd ta by skieppehâlders

Yn in wike tiid binne der al santich deagien by Reitsma © Omrop Fryslân
It fertriet is dizze dagen net fier fuort by skieppehâlders Martin en Elsa Reitsma by Lippenhuzen. Fan de 2.100 skiep binne der yn in wike tiid 70 deagien troch blautonge.
It liket allinnich mar slimmer te wurden. "Ferline wike freed hiene wy der in stik as sân yn de stâl en tochten wy dat it wol te dwaan wie; ien of twa deis. En wy binne no hast in wike fierder en wy hawwe santich deaden", seit Martin Reitsma.
De famylje hat benammen skiep dy't se yn opdracht fan oerheden weidzje. Yn harren stâl stean en lizze skiep yn ferskillende stadia fan sykte.
Benammen skieppehâlders wurde bot rekke troch it blautongefirus
By ien is sichtber dat dy de lamkes fersmiten hat. De Reitsma's meitsje har soargen oer de takomst fan har bedriuw dat sy yn sân jier tiid opboud hawwe. It is net ûntinkber dat se sa fiifhûndert skiep kwytreitsje. In soad dêrfan binne ek nochris drachtich.
"It is gewoan freeslik om te sjen. Je binne machteleas. Us bedriuw giet gewoan nei de kloaten!"
Der wurdt ferskuorrende hurd wurke om geregeld by de skiep del te gean en de siken derút te heljen.
Skieppehâlders Martin en Elsa Reitsma © Omrop Fryslân
No't minsken troch hawwe hokfoar drama him ôfspilet, krijt de famylje in soad stipe: "Wy hawwe oeral skiep rinnen. Ek by de boeren. En wy krije bygelyks help fan hiele leave minsken út Wolvegea wei. Dy gean by de keppels del en helpe ús enoarm. Dan is de kontrôle yn alle gefallen gebeurd. Dat skeelt in hiel soad tiid."
Dêr bliuwt it net by, fertelt Elsa Reitsma: "Kadootjses, appkes, kaartsjes; elkenien wol wol helpe. Hoe't elkenien ús stipet, dat is super."
De firussykte blautonge is ôfkomstich út Súd-Afrika en treft skiep en oare wjerkôgers as geiten en kij. Faak mei deadlike ôfrin.
It is foar it earst sûnt 2009 dat de sykte wer yn Nederlân is. De bisten reitsje besmet troch de stek fan gnobmiggen. Nettsjinsteande de namme fan de sykte, krije in soad bisten gjin blauwe tonge. Wol ûnderfine se faak hege koarts, pynlike poaten en oermjittige flibeproduksje.
Ek ûntstiet der swollerij oan 'e kop, tonge en lippen fan it bist. Dat soarget derfoar dat sy minder ite en yn in soad gefallen úteinlik ferstjerre.
As de slimste ferwachtings útkomme, kin dat it jonge bedriuw tonnen euro's kostje. Elsa Reitsma: "Wy hoopje dochs echt dat der in faksin komt. Mar it liket der net op dat dat op koarte termyn gebeurt. Je hoopje dat je dan oare stipe krije fan de oerheid, mar ek dêr liket it noch net op."
Kâlder waar, wêrtroch't der minder gnobmiggen binne dy't de sykte ferspriede, soe wol helpe kinne.
Plakken yn Fryslân dêr't blautonge fêststeld is:
Net allinnich skiep, mar ek oare wjerkôgers kinne blautonge krije. Al ferrint de sykte net by elk bist itselde. Sa ha kij der minder lêst fan.
Doede en Veronique Hofman ha krekt bûten Warkum in bedriuw mei 22 alpaka's. Op ferskate oare alpakabedriuwen yn Nederlân is de ôfrûne tiid al blautonge fêststeld.
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
"Ien fan ús jongere alpaka's hie ferline wike in ûntstekking by de hoeven. In pear dagen letter hie in twadde bist dat ek", fertelt Doede Hofman.
"Wy stiene der sels net by stil, mar neffens de bistedokter kin it in symptoom fan blautonge wêze. Dêr skrokken wy bot fan. Dêrom is der bloed ôfnaam en sitte wy no fol spanning te wachtsjen op de útslaggen."
Hofman hopet dat it tafalt, mar makket him wol bot soargen. "It is net hiel dúdlik wat blautonge docht mei alpaka's. Yn Noard-Hollân binne der al bisten deagien, mar wy hoopje dat it krekt sa is as kij dy't blautonge krije. Dat se der wol siik fan wurde, mar dat it net sa slim is as by skiep."