Stoptober is topsport foar de hardcore-smokers, fernimt 'stopcoach' Jellie

Smoke © Shutterstock.com
Triljende hantsjes en in ûnrêstich moed. De nocht oan in sigaret is by in soad Friezen heech dizze moanne. Yn stoptober hâlde smokers 28 dagen lang massaal harren pakjes sigaretten yn 'e bûse.
It inisjatyf fiert dit jier harren tsiende jier fan bestean. Yn dy tiid is neffens Jellie Helder wol wat feroare. Sy is spesjalistysk ferpleechkundige en 'stoppen met roken-coach' by sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.
Alle dagen sjocht sy pasjinten op de poliklinyk longgenêskunde dy't ophâlde wolle mei smoken fanwegen sûnensproblemen sa as longsykten, hertkwalen of termklachten.
"It is goed dat der de lêste jierren safolle lanlik omtinken is foar ophâlden mei smoken, mar it is noch net sa dat wy op nul sitte. De konkurrinsje fan de tabaksyndustry is grut", seit Helder.

Vapen

In fermindering yn pasjinten op de poly fernimt sy dan ek noch net. Wol in feroaring is de opkomst nei it 'vapen'. Dêr is yn dizze stoptobermoanne in soad omtinken foar. Helder fernimt dat sy dêr hieltyd mear fragen oer krijt.
"Op skoallepleinen dêr't net smookt wurde mei, wurde wol faak vapes opstutsen. Dêr moatte skoallen noch in belied yn fine." Neffens it nasjonale smookferbod dat yn 2020 yngean is, mei der net smookt wurde op skoallepleinen, ek net mei e-sigaretten.

Sigaret wurket ferslaavjender

Vapes binne neffens Helder gefaarlik om't dreech te mjitten is hoefolle nikotine deryn sit. "Dy mjittingen rinne bot útien, dêrnjonken reitsje bern wend oan smokersgedrach."
Jellie Helder © Eigen foto
Yn de vapes sit nikotinesâlt, dat wurdt rapper opnaam troch de harsens. "Ek yn de hjoeddeiske sigaretten sitte mear stofkes wêrtroch't de nikotine rapper opnaam wurdt as eartiids. De tabaksyndustry hat de sigaret bot oantrekliker makke. Bern kinne yn in wike ferslave reitsje."
De organisaasje fan Stoptober, dat tsien jier bestiet, jout oan dat it 70 prosint fan de dielnimmers slagget om yn oktober op te hâlden mei smoken. Wannear't it minsken slagget om 28 dagen net mear in sigaret op te stekken, hawwe sy fiif kear mear kâns om definityf op te hâlden.
De gefolgen fan smoken fernimt Helder op har oare trije wurkdagen yn de wike op de poly longgenêskunde. By 90 prosint fan de COPD-pasjinten wurdt de oarsaak relatearre oan smoken.

Emosjoneel

Acht oeren yn de wike helpt Helder minsken fan harren ferslaving ôf. "It ferfelende is dat de nikotine nei 7 sekonden in beleanning jout, mar dat dy nei oardel oere wer fuort is. Dan komst yn in sirkel telâne."
Op de poly is omtinken foar gedrachsferoaring en ûnderlizzende saken om smokers te stypjen by it ophâlden. Faak wurdt in sigaret brûkt út gewoante of om emoasjes te ûnderdrukken. "Minsken fiele stress, binne fertrietlik. Jongerein fiele dat sy earne net by hearre. Wy hawwe dêrom faak fûle petearen mei smokers om de oarsaak boppe tafel te krijen."
Je moatte gjin winsk hawwe, mar in doel.
Jellie Helder
Tagelyk moat Helder pasjinten ek wolris stevich tasprekke. "Je kinne net altyd leaf wêze." Yn in smoker sitte neffens har twa minsken: de smoker en de net-smoker. "Dy earste moatte je somtiden ûnder de kont skoppe, dy wol alle oandacht hawwe. Tsjin de net-smoker moatte je just ekstra leaf wêze."

Topsport

It proses om op te hâlden mei smoken wurdt dreger as de omjouwing ek smookt. "Ik hear faak dat de famylje en freonen fan pasjinten ek smoke. Dan is it fansels dreger asto dat oeral om dy hinne rûkst. Boppedat krijst as net-smoker ynienen in oare identiteit. Dêr moatst ek mei omgean."
© ANP
Helder fergeliket it mei topsport, dêr't in goed plan oan foarôf giet en it hurd wurkjen is. "Wy sizze ek wol: je moatte gjin winsk hawwe, je moatte in doel hawwe."
Op de stoptober-app kinne dielnimmers byhâlde hoefolle jild sy besparje op pakjes sigaretten. Al is dy finansjele prikkel foar guon net genôch, sjocht Helder. "Der binne in hiel protte minsken dy't it finansjeel al hiel dreech hawwe, mar dan dochs leaver in pakje sigaretten keapje as in sûn miel op tafel sette. Dat is it ferslave brein."

Iensumenssigaretsje

It stribjen fan Helder is om 25 prosint fan har pasjinten fan it smoken ôf te krijen. "Dat soe al moai wêze, want ik krij wol echt de 'hardcore smokers', sis mar." Dochs wol sy ek beklamje dat fan dy 75 prosint ek in soad minsken folle minder faak ien opstekke.
"Fan alle dagen yn de wike, nei noch mar ien yn 'e wike bygelyks. Of âldere minsken dy't sa út en troch noch in iensumenssigaretsje opstekke, mar foar fierwei it grutste part ophâlden binne. Dy gefallen moatte wy net ferjitte."