Ambisjeus LWD Basket ek mei grutte sifers ûnderút tsjin Heroes Den Bosch

Adrian Delph yn aksje foar LWD Basket (argyf) © Dijks Media
De basketballers fan LWD Basket hawwe ek de twadde wedstriid fan it seizoen ferlern. Op besite by Heroes Den Bosch waard it 103-73,
Yn de earste wedstriid koe de nije Ljouwerter basketbalklup it ek al net hâlde tsjin Zwolle. Ek dy wedstriid gie mei grutte sifers ferlern: 60-93. Dat wylst de coach fan de Ljouwerters, Vincent van Sliedregt, foar it begjin fan de BNXT League útsprutsen hie dat syn klup dit seizoen kampioen wurde kin.

Begjin wol goed

Yn de earste helte gie it noch wol gelyk op yn de Maaspoort. De thúsploech stie nei it skoft mar twa punten foar op LWD Basket. Yn de twadde helte gie it lykwols mis.
Yn it tredde kwart brocht Den Bosch de marzje nei njoggen. Yn it lêste kwart like it ferset by LWD Basket dêrtroch brutsen. Dat gie mei 31-10 ferlern. Dat brocht de útslach op 103-73.
LWD Basket stiet nei twa wedstriden no op it lêste plak yn de Nederlânske pûl fan de BNXT League.