Tanimmend tal dumpte kittens en oare bisten yn Burdaard: "Dan wurd ik hiel lilk"

© RTV NOF
Yn it ôfrûne jier is der in ferûntrêstende trend opmurken yn de omjouwing fan Burdaard, dêr't hieltyd mear kittens en oare bisten fûn wurde yn de berm.
Dat hat laat ta grutte noed ûnder de lokale mienskip, ûnder wa Issie Jellema, dy't mar leafst seis lytse kittens fûn hat yn de neiens fan it doarp. "Ik tink sels dat de kâns hiel grut is dat se dumpt binne", seit Jellema.
De fynst fan dizze bisten - wêrûnder ek babybargen en hoannen - ropt in soad fragen op oer hoe't se dêr bedarje en wat der mooglik noch mear te ferwachtsjen falt. Nettsjinsteande withoefolle oproppen op ferskate kanalen hawwe se noch gjin antwurden fine kinnen.

Gjin ynformaasje

De mienskip hat meilibjen toand, mar konkrete ynformaasje bliuwt út, fernimt Jellema: "Ik moat der echt ôfstân fan nimme, je besykje je der wol yn te ferpleatsen, mar dan wurd ik hiel lilk."
It feit dat de kittens te jong binne om foar harsels te soargjen, docht fermoeden dat de measten bewust dumpt binne. Der is suggerearre dat guon minsken mooglik tinke dat it jild kostet om de bisten nei it asyl te bringen, wylst dat yn werklikheid net it gefal is.

Mear bewustwêzen kreëarje

Dizze situaasje hat Jellema en oaren yn de mienskip motivearre om de oandacht te fêstigjen op dit probleem. Se wolle graach dat der mear bewustwêzen kreëarre wurdt oer de ferantwurdlikheid dy't wy hawwe tsjinoer bisten en de gefolgen fan bisten dumpen.