IM ferfolget twa skippers deadlik boatûngelok Waadsee foar dea troch skuld

© Shutterstock
It IM ferfolget de kapiteins fan de rappe fearboat en de wettertaksy dy't belutsen wiene by it deadlik boatûngelok op de Waadsee yn oktober ôfrûne jier.
It IM ferwyt de beide skippers dat sy te hurd fearn hawwe en net goed kommunisearren. Sy wurde ferfolge foar dea troch skuld en it tabringen fan swier lichaamlik letsel.
De skippers binne in 33-jierrige man út de gemeente Harns en in 47-jierrige man út de gemeente Skylge. De skipper fan de wettertaksy soe neffens it IM flak foar de oanfarring in "ûnbegryplike en ûnfeilige stjoerbeweging" makke hawwe. Wêrom't er dat dien hat, soe hy net mear witte.
"Uteinlik koe de skipper fan de fearboat dêrtroch allinnich mar oer de wettertaksy hinne farre", skriuwt it IM.

Ungelok

Rappe fearboat Tiger fan Rederij Doeksen kaam op de betide moarn fan 21 oktober 2022 yn oanfarring mei wettertaksy Stormloper. Dat barde yn it Skûtegat by Skylge.
De wettertaksy waard swier rekke en sonk.
Fjouwer minsken binne omkaam by it ûngelok. Nei wiidweidige sykaksjes is it lichem fan de 12-jierrige Riemer van der Veen út Seisbierrum noch altyd net fûn.

Saak byrider seponearre

De saak fan de 'byrider' fan de fearboat wurdt seponearre. It IM hat konkludearre dat hy gjin inkelde ynfloed hie op it bestjoeren fan it skip.
It is noch net bekend wannear't de rjochtbank yn Ljouwert dizze saak behannelje sil.
IM ferfolget twa skippers deadlik boatûngelok Waadsee foar dea troch skuld