Werom nei it boatûngelok op it Waad: gewoane wurkdei wurdt inketswarte freed

© Jan van Rees
It IM makke freed bekend dat twa skippers belutsen by it deadlike boatûngelok op 21 oktober 2022 op de Waadsee ferfolge wurde sille foar dea troch skuld. Dy dei kamen rappe boat Tiger en wettertaksy de Stormloper mei inoar yn botsing.
Fjouwer minsken kamen om it libben, it lichem fan in tolve-jierrige jonge is noch altyd net fûn.
Op de betide moarn fan dy bewuste freed yn oktober stapten seis wurknimmers fan it Snitser boubedriuw Friso yn de wettertaksy op wei nei Skylge. Ien fan de manlju naam syn soantsje fan tolve jier mei. Wat in gewoane wurkdei wurde moast, feroare yn in inketswarte dei. In weromblik.

21 oktober 07:12 oere: oanfarring

De twa boaten komme mei inoar yn botsing yn it Skûtegat. Opfarrenden fan de Tiger hearre in grutte klap en fuortendaliks hat de kapitein troch dat der wat goed mis is. "Brandaris, hier de Tiger. Ik weet niet of het al gebeurd is, maar graag opschalen naar GRIP 1", klonk it op de marifoan.
De helptsjinsten komme manmachtich yn aksje. Opfarrenden bedarje yn it wetter. Skip Skua fan rederij Noordgat is as earste te plak. Op see treffe sy in al heal ûnder wetter driuwend wrak oan. Eigener Simon Smit seit letter dat it in heftige dei wie foar syn personiel: "Eén persoon zat boven op de punt en drie personen klampten zich er wat aan vast. Ze waren nat, koud en gewond."
It plak fan de oanfarring © Omrop Fryslân
Net lang dêrnei sinkt de wettertaksy. Al gau wurd bekend dat twa opfarrenden fan de Stormloper de ramp net oerlibbe hawwe. In 46-jierrige man út Seisbierrum en in 57-jierrige man út Ljouwert binne net mear te rêden. Twa minsken reitsje fermist: de 12-jierrige Riemer van der Veen fan Seisbierrum en in 49-jierrige man út Tsjalbert.
Der wurd noch oant 11:15 oere wiidweidich socht. Dêrnei is de kâns op oerlibjen al hast nihyl troch it kâlde wetter. De KNRM siket dy dei noch wol fierder op lytse skaal.
Dit waard sein op de marifoan krekt foar it ûngelok
"Wat gaan we doen?"
Stil.
"Doe maar gewoon normaal stuurboord-stuurboord, want je zit vrij aan de rode kant."
Stil.
"Even een ogenblikje, zal even kijken."
Ut it fragmint is net op te meitsjen wa't oan it wurd is. It is ek net dúdlik oft der ien of twa skippen te hearren binne en oft der in befêstiging folget op it foarstel om elkoar stjoerboard te passearjen.
IM ferfolget twa skippers deadlik boatûngelok Waadsee foar dea troch skuld
De 6 bemanningsleden en 21 passazjiers fan de Tiger komme mei de skrik frij.
Deselde dei wurde de kapitein en stjoerman fan de Stormloper en de kapitein fan de Tiger oanhâlden en ferheard. Dat is protokol by soksoarte ûngelokken. De skipper fan de Stormloper leit earst noch wol yn it sikehûs.

21 oktober 14.00 oere: ûndersyk

Al gau docht bliken dat beide skippen harren dy moarn net oan de regels hâlden hawwe. De omstannichheden dêr't it ûngelok yn barde wiene net as it hearde. Sa waard op de dei fan it ûngelok noch bekend. Neffens Marinetraffic, in platfoarm dat de posysje fan skippen folget, hiene likegoed de fearboat as de wettertaksy te hurd fearn dy freedtemoarn.
De fearboat soe 55 kilometer de oere en de wettertaksy 28 kilometer de oere fearn hawwe.
De skea oan de Tiger is goed te sjen © SRFotografie
Op it Waad mei net hurder fearn wurde as 20 kilometer yn de oere. Der binne wol útsûnderingen, mar net foar it Skûtegat. Boppedat hie it skip de Tiger net yn it tsjuster farre mocht yn it min ferljochte Skûtegat. De Tiger die dat dy bewuste moarns dochs om't dy rûte rapper is.

Hoe sit it mei it hurdfarren yn it Skûtegat?

It saneamde hurdfarren mei inkeld yn de haadfarrûtes, dus net yn it Skûtegat. Dêr mei nea hurder as 20 kilometer yn 'e oere fearn wurde, sawol by deiljocht as yn it tsjuster. Dat komt ek omdat it giet om in Natura2000-gebiet.
Troch it Skûtegat te brûken is de rûte fan en nei Skylge koarter en kin brânstof besparre wurde. Brânstof dy't op dat stuit, fanwege de brânstofkrisis, hiel djoer wie.
De plysje en de Onderzoeksraad voor Veiligheid starte dêrom it ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

22 oktober: sykaksjes folgje

Sykaksjes folgje yn de dagen nei it ûngelok. Earst op sicht, by leech wetter, dan soene lichems better sichtber wêze as dy op in sânbank belânje soene. Ek in plysjehelikopter siket mei. Letter wurdt socht mei sonarapparatuer en drones. It Search- and Rescueteam (SAR) siket de dagen nei it ûngelok mei quads en drones.
In team fan SAR Nederland siket op Skylge nei de twa fermisten © CAMJO media
De ferskate streamingen en wikselfallichheid fan it wetter meitsje it sykjen tige dreech. "Het is zoeken naar een speld in een hooiberg", seit de plysje in pear dagen nei ferskate kearen sykjen.

6 novimber: lichem fûn

Yn de buert fan it Griene strân fan Skylge wurdt in lichem fûn. It docht bliken dat it de fermiste man is fan 49 jier, út Tsjalbert. De man wurke ek foar it boubedriuw Friso. Fan de 12-jierrige Riemer is noch altyd gjin spoar fûn.

26 jannewaris: Lêste sykaksje oant no ta

De SAR docht noch ien grutte sykaksje nei oanlieding fan in ynsammelaksje dy't de skoalle fan Riemer organisearre hat. Mei strânjutters en Land Cruisers wurdt by de kustlinen fan Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach del socht.
Nei goed seis moannen ûndersyk fan de plysje en Onderzoeksraad leit der no in ferfolging fan it IM.