Seehûnesintrum Pieterburen slacht alarm oer it grutte tal kwelde seehûnejongen

© ANP
Seehûnesintrum Pieterburen slacht alarm oer it grutte tal seehûnejongen dat se dêr oant no ta opfange moatte. It binne der hast twa kear safolle as ferline jier. It giet om pups dy't steurd binne troch minsken dy't te ticht by har yn de buert kamen.
Fan alles sjocht Niek Kuizenga fan it sintrum Pieterburen foarby kommen: "We hebben omstanders die selfies maken met zeehonden, mensen aaien ze of gooien zelfs met stenen. Gisteren hadden we een leraar die met leerlingen om een zeehondje gaat staan en foto's laat maken. Als je hem daar op aanspreekt wordt hij boos."
Ta grutte frustraasje fan it sintrum wurde der dit jier hast twa kear safolle seehûnen ynbrocht as ferline jier. "In twee weken hebben we 33 pups opgevangen, we weten dat ongeveer een derde door dit soort idioten in Pieterburen terechtgekomen zijn, dat vinden we hier verschrikkelijk,"

Gefaarlik

It is ferbean om seehûnen op te pakken of te helpen, allinnich trainde seehûnewachters meie dat dwaan. It gefolch fan it benaderjen fan in seehûn is dat de mem of oare memmen dy't foar de pup soarchje moatte, net werom duorre te kommen. "Het jong is dan reddeloos verloren en gaat dood, of wordt hier gebracht."
Skande, fynt Kuizenga: "Dit moet echt de last resort zijn, je brengt gezonde mensen ook niet naar een ziekenhuis." Boppedat kin it ek nochris gefaarlik wêze tichtby in seehûn te kommen. It binne wylde bisten en sy kinne fan har ôfbite.

Bewustwurding

Dat wylst it de lêste jierren sa goed like mei it gedrach fan minsken. Sûnt it seehûne-akkoart fan 2020 seach it sintrum in ferbettering. Wêrom it dit jier dan sa min giet, is ek foar Kruizinga in riedsel. "We weten niet wat het dit jaar is maar hebben wel een vermoeden. Het mooie weer van dit jaar zorgt ervoor dat veel mensen naar de kust trekken."
Mei bewustwurding hopet Pieterburen dat minsken fan de pups ôfbliuwe: "Want dit kan zo gewoon niet, het is niet normaal wat hier gebeurt", seit Kuizenga.