135 winkelpannen te hier yn Fryslân: hieltyd dreger nije eigener te finen

In pân yn it sintrum fan Drachten stiet te hier © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Der steane op dit stuit 135 winkelpannen te hier of te keap yn Fryslân en makelers fine it hieltyd dreger om nije eigeners te finen. Der ûntstiet in dilemma yn de binnenstêden: leechstân akseptearje of winkelpannen ferbouwe?
Tsien jier lyn seach de Fryske winkelstrjitte der hiel oars út. Doe wiene der noch mear as fjouwertûzen winkels. Dit jier, yn 2023, binne dat der seishûndert minder: hast 3.500 winkels. Mar wat moat der mei dy pannen barre? Is it winsklik om fan winkelpannen mear wenten te meitsjen?
135 winkelpannen te hier yn Fryslân
De gemeente Ljouwert is op dit stuit koprinner yn it klassemint mei de measte winkelpannen te hier: 38. Dêrfan stiet it grutste part al langer as seis moannen op Funda Business.
Dêrefteroan komt de gemeente Hearrenfean (16), Súdwest-Fryslân (16) en Smellingerlân (13). Opfallend is dat der op It Hearrenfean yn de iennige winkelstrjitte fan it doarp, de Dracht, allinnich al njoggen pannen te hier of te keap steane, it grutste part al langer as seis moannen.
Neffens makeler Tjibbe-Jan Boringa is it op It Hearrenfean tige dreech om hierders te finen. It part fan De Dracht dêr't it pân stiet, is al jierren minder populêr. Undernimmers wolle op de drokkere stikken sitte. "As der earne in geskikter pân leech komt, ferskowe bedriuwen dy't al yn de binnenstêd sitte dêrhinne. Wêrtroch't je wer leechstân ha op in oar plak."

"It hat allegear te krijen mei wat de buorlju dogge"

Boringa hat ien pân dat hielendal renovearre is, mar dochs al 2,5 jier leech stiet. It hat allegear te krijen mei wat de buorlju dogge. "Om't deromhinne ek in soad leechstân is, is hjir net in soad ynteresse foar. De Zeeman sit der noch yn de buert, mar de Jensen is mear opskood nei in drokker plak."
De Dracht op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Ek makeler Ferko Hornyák fan Dijkstra Bedrijfsmakelaardij fynt It Hearrenfean in muoilik plak om hierders te finen, foaral yn strjitten bûten de Dracht. "Wij staan niet te springen om winkelruimtes in deze straten omdat de verhuur moeizaam verloopt. Wij adviseren de eigenaren dan ook om met de gemeente in gesprek te gaan om een andere bestemming voor het gebouw te zoeken", fertelt Hornyák.

Fan winkeljen nei wenjen?

In oare bestemming foar in pân fine is noch net sa maklik. Oan in winkelpân hinget in bestimmingsplan en pas as de gemeente dat feroaret, kin in winkel in hûs wurde.
De VNG (Vereniging voor Nederlandse Gemeenten) seit yn in útstjoering fan Pointer dat de hâlding fan gemeenten oan it feroarjen is. Fan in belemmering is it no earder belied dat der mear wenningen komme yn de winkelstrjitten.
We willen niet een winkelgebied waar zo nu en dan een winkel en een huis staat. Dan gaat de beleving er wel af.
wethâlder Sybrig Sijtsma fan gemeente Hearrenfean
De gemeente hat mei belutsenen út it sintrum in plan opsteld, seit wethâlder Sybrig Sijtsma: "We willen winkeliers buiten het centrum vragen of ze naar het kerngebied willen komen. Zodat straten zoals de Dracht gezellige winkelstraten blijven, waar veel te beleven is." Sa moat it sintrum griener wurde en is der alris in keunstrûte organisearre.
De pannen dy't dêrtroch frijkomme, moatte wenten wurde. Ek sjocht de gemeente nei oare lokaasjes by it sintrum: "We stimuleren het wonen in het centrum, aan de randen zijn nieuwe appartementen gebouwd. Maar we willen niet een winkelgebied waar zo nu en dan een winkel en een huis staat. Dan gaat de beleving er wel af."

Gjin wenten op de Dracht

Peter de Vries fan Heerenveense Ondernemers Vereniging stipet de plannen om de útrinners om te bouwen ta wenten of kantoarpannen. "Mar hjir middenyn in A1-lokaasje lykas de Dracht, bouwe wy net samar in winkel om. Dêr moatte wy in nije oplossing foar fine."
Neffens De Vries moat de leechstân ek net oerdreaun wurde: "Litte je sizze: 50 prosint fan de tiid winkelje je online en 50 prosint fan de tiid fysyk. As je dan 200 winkels ha, is it net gek dat 100 leech stean. Mar op It Hearrenfean stiet 94 prosint fan de winkelpannen wol fol."
It pân fan makelder Boringa © Omrop Fryslân
"Dat is fansels ek 6 prosint te min, mar we binne drok dwaande mei nije plannen om ien kear in oantal pannen te foljen. Dat stiet noch yn de stegers, dus mear kin ik dêr noch net oer sizze."
Hoe dan ek, de winkelpannen op de Dracht wurde gjin wenten, seit de wethâlder: "We willen ruimte overhouden voor het winkelgebied. Dan kunnen we niet overal waar het even moeilijk is zeggen dat we er direct woningen willen maken. Dan ga je je wel heel erg op een glijdende schaal begeven."
Der lizze ek gjin plannen klear om wenten te meitsjen op de Dracht as de plannen net slagje.