Extinction Rebellion traint nije aksjefierders yn Ljouwert: "Lytse stappen helpe net mear"

© Omrop Fryslân
Hoe fiere je geweldleas aksje en hoe geane je om mei de druk dy't bygelyks in arrestaasje jout? De aksjegroep Extinction Rebellion joech dêroer sneon tekst en útlis oan minsken dy't har mooglik oanslute wolle by de groep.
It aksjefieren is sa maklik noch net, seit Meindert. Hy is ien fan de minsken dy't sneon útlis jout. "Der is in grut psychologysk aspekt. Want hoe gean je om mei de stress dy't sa'n aksje jout? Hoe soargje je der ek foar dat it net út de hân rint? Dat kinne wy se hjir leare."
Extinction Rebellion docht by de demonstraasjes oan 'burgerlijke ongehoorzaamheid'. Just dat jout druk, seit Meindert: "Je fersette je tsjin it systeem. Wy ûntfange dan it geweld."
Dêrom jout de groep in soad omtinken oan de tarieding fan in aksje, mar ek oan de neisoarch oan de aksjefierders: "Bygelyks oer hoe't saken juridysk sitte."
Extinction Rebellion fiert aksje om de oerheid te twingen maatregels te nimmen om har boargers te beskermjen. Se easkje dat de oerheid earlik is oer de klimaatkrisis en dat al it mooglike dien wurdt om de útsjit fan broeikasgassen yn 2025 nei nul te bringen en sa de natoer te beskermjen. As lêste fynt de aksjegroep dat boargers mei help fan in boargerberied in grutte stim ha moatte yn it meitsjen fan nij belied.
De sprekkers fan sneon yn Ljouwert wolle allinnich mei harren foarnammen neamd wurde. De achternammen binne bekend by de redaksje.
Meindert is sels al goed twa jier belutsen by Extinction Rebellion. Hy makket him grutte soargen oer de takomst. "Lytse stappen helpe no net mear. Der moat noch echt wat dien wurde om in grutte klimaatramp foar te kommen. It klinkt wat flau, mar der is gjin planeet B."
Extinction Rebellion jout aksjetraining yn Ljouwert
Huub en Marion binne beide nij. Se skowe oan om't se har grutte soargen meitsje. Huub: "Ik liep laatst door de weilanden en zag bijna geen vogels door alle stikstof die er is. Dan denk ik: ja, ik moet nu echt in actie komen."
Hy docht it benammen foar syn pakesizzers. "Als ik ervoor wil zorgen dat de wereld goed wordt achtergelaten, moet ik echt nu in actie komen."
Marion hat deselde motivaasje: "Voor de komende generatie, ja. Ik wil graag dat de bewustwording groter wordt. Ik wil dat er veel meer naar mensen uitgesproken wordt dat het klimaat echt achteruitholt."
Ik heb jarenlang een politieke partij gestemd en gehoopt dat het goed zou komen.
Camiel
Meindert sjocht dat in soad minsken deselde gedachten ha. Hieltyd mear minsken slute har oan by de aksjegroep. "We binne enorm oan it groeien. Wat minsken no hiel bot lûkt is ús kampanje om de fossile brânstofsubsydzjes út te bannen en ús A12-blokkades yn Den Haag. Dat makket it klimaatprobleem hiel konkreet. Ek hoe healwiis oft it belied fan de oerheden is."

"Een mooi leven"

Camiel twivelet noch oft er 'm by de Extinction Rebellion oanslute wol. "Ik heb jarenlang een politieke partij gestemd en gehoopt dat het goed zou komen. Na jarenlang zie ik toch weinig gebeuren op de thema's die ik belangrijk vind. Ik vraag mij af hoe we dat toch een stapje verder kunnen brengen."
Extinction Rebellion jout training oan aksjefierders © Omrop Fryslân
Allies wit net oft de wize fan Extinction Rebellion de bêste is, mar, sa seit se: neat dwaan is gjin opsje mear. "Dat kan niet meer. Ik vind niet dat ik mij daarachter kan verschuilen. Ik heb een heel mooi leven gehad tot nu toe en dat gun ik ook mijn kinderen en eventueel kleinkinderen."

"Se kinne net mear om ús hinne"

"As der hieltyd mear minsken bykomme, wurdt ús stim ek lûder", seit Meindert. "Der sitte 30 minsken op strjitte of 300 en dan slagget it net. By 3.000 ek net, mar miskien wol by 10.000. Sa besykje we de groei troch te setten om derfoar te soargjen dat dizze regearing en ek de Nederlânske befolking letterlik net mear om ús hinne kinne."
Op sneon 13 maaie fiert Extinction Rebellion aksje yn Ljouwert. Se rinne dan in mars troch de stêd en lâns it fabryk fan ûnder oare FrieslandCampina om aksje te fieren tsjin de agro-industry. Op 27 maaie wol de aksjegroep de A12 yn Den Haag wer blokkearje.