Sjoch hjir: wa hat yn dyn gemeente in lintsje krigen?

Lumine Veenstra en har omke Goos van Terwisga ha beide in lintsje krigen © Omrop Fryslân
Yn Fryslân wurde dizze woansdei lintsjes útrikt oan minsken dy't wat bysûnders dien of betsjut hawwe foar de mienskip. Benijd wa't yn dyn gemeente in lintsje krigen hat? Besjoch it yn it oersjoch hjirûnder.
Yn Fryslân binne der dit jier 79 lintsjes útdield, seis mear as ferline jier. Fan de minsken dy't in lintsje krigen hawwe, binne 68 ûnderskieden yn de sechsde graad, 9 binne ûnderskieden as Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau en 2 as Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
79 Friezen ha in keninklike ûnderskieding krigen
Benijd wat de ferskillende ûnderskiedingen krekt binne en wat se betsjutte? Hjirûnder sette we se alle seis op in rychje, mei de útlis fan de Kanslerij der Nederlandse Orden.
© Omrop Fryslân

Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau

De measte oanfragen foar Keninklike ûnderskiedingen liede ta in beneaming ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Dit is de sechsde graad yn 'e oarder. It giet yn de regel om frijwilligers dy 't operearje op lokaal nivo.
© Omrop Fryslân

Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau

Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau is de fiifde graad yn de oarder. By persoanen dy 't beneamd wurde ta Ridder giet it ornaris om fertsjinsten mei in regionale of sels lanlike útstrieling en betsjutting. Dat yn tsjinstelling ta de graad Lid dêr 't it benammen giet om persoanen dy 't lokaal fertsjinstlik binne (dus binnen de gemeentegrinzen).
© Omrop Fryslân

Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau

Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau is de fjirde graad yn de oarder. Persoanen dy 't beneamd wurde ta Offisier hawwe mei harren bysûndere fertsjinsten faak in lanlike of sels ynternasjonale útstrieling of betsjutting.
© Omrop Fryslân

Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau

In beneaming ta Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau - de tredde graad - komt net faak foar. De dekorearre moat tige bysûndere of wichtige aktiviteiten dien hawwe. Of de fertsjinsten hawwe in ynternasjonale en sels wrâldwide útstrieling en betsjutting. De ûnderskieding wurdt ek geregeld útrikt by steatsbesites.
© Omrop Fryslân

Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau

Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau is de twadde graad yn de oarder en takenning komt selden foar. Sûnt 2000 waarden mar fjouwer boargers beneamd ta Grutoffisier, ûnder wa Feike Sijbesma (âld-CEO fan de Koninklijke DSM en spesjaal gesant fan it kabinet yn de striid tsjin Corona) en mr. Tjibbe Joustra (eardere Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en foarsitter fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid).
© Omrop Fryslân

Ridder Grootkruis yn de Oarder fan Oranje-Nassau

Ridder Grootkruis is de heechste graad yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Wannear 't in boarger dizze keninklike fersiersels útrikt krijt, is dat tige útsûnderlik en bysûnder. Ald-premiers wurdt faak beneamd ta Ridder Grootkruis yn de Oarder fan Oranje-Nassau. En yn it resinte ferline krige âld-Eurokommissaris Neelie Smit Kroes dizze graad.