It reint wer lintsjes: 79 Friezen krije in keninklike ûnderskieding

In keninklike ûnderskieding © ANP
It is in moaie Nederlânske maitiidstradysje: elts jier krije 'gewoane' minsken in keninklike ûnderskieding mei de lintsjesrein. Yn totaal krije 79 Friezen in lintsje, dat binne der seis mear as ferline jier.
Yn de lêste fiif jier binne der yn Fryslân 380 lintsjes útrikt mei de lintsjesrein. De gemeente Súdwest-Fryslân stiet as gemeente alle jierren boppe-oan mei de measte lintsjes. Dit jier stiet de teller op 13.

Weststellingwerf

Foar de gemeente Weststellingwerf is 2023 in drokker jier as oars wat it opspjeldzjen fan lintsjes oanbelanget. Yn de lêste fiif jier joegen se net mear as twa lintsjes de kear fuort. No binne der sân minsken dy't in lintsje krije.

Kening Willem I

Al sûnt 1815 wurde út namme fan Oranje keninklike ûnderskiedingen takend. It is betocht troch kening Willem I. Hy woe militêren en boargers dy't dieden fan bysûndere betsjutting dien hiene beleanje. Dêrmei is de tradysje al mear as 200 jier âld.
Hjoed wurde yn Fryslân 68 minsken ûnderskieden as Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Dat is in ûnderskieding foar minsken dy't binnen harren gemeente of mienskip wichtich wurk dien hawwe. Meastal giet it dan om frijwilligers.

Oantal lintsjes yn de lêste fiif jier

Jier Oantal lintsjes
2023 79
2022 73
2021 74
2020 84
2019 72
Opfallend is de ferdieling fan man-frou. Fan alle saneamde 'dekorearren' is sa'n 65 persint man en 35 persint frou.

Ridders en offisiers

Dit jier binne der njoggen ridders. Ferline jier wiene dat der 19. Dat wie wol in útsûnderlik jier. Want dêrfoar lei it trochsneed op sân ridders.
In persoan kin dit lintsje krije as se harren ynset ha mei in regionale of sels lanlike betsjutting.
Ek binne wurde twa Friezen ûnderskieden as Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Dizze minsken hawwe har ynset mei in lanlike of ynternasjonale betsjutting.