De ûnferwachte erfenis fan de befrijing: it plantsje de Kanadeeske fijnstraal

It befrijingsplantsje út Kanada: fyn tongersied © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
De Kanadeeske fijnstraal, offisjeel yn it Frysk fyn tongersied, is in plantsje dat sûnt de befrijing yn 1945 in soad yn Fryslân te sjen is. Doe't de Kanadezen kamen, liften siedsjes fan planten tusken de unifoarmen, skoechsoallen en rupsbannen fan tanks stikem mei.
It plantsje mei de Latynske namme Erigeron canadensis wie al earder yn Fryslân sjoen, mar is sûnt de befrijing hjir pas echt in soad te finen. Neffens natuerkenner Harrie Bosma bart it folle faker dat siedsjes fan planten troch oarloggen har ferspriede oer de wrâld.
Sa hawwe Australyske soldaten de inketspuierswam meinaam nei Europa, en is de akasiabeam yn de tiid fan Napoleon út Frankryk hjir kaam.
Buro de Vries gie mei Harrie Bosma op syk nei in lyts plantsje: de Kanadeeske fijnstraal
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.