FryslânDOK 'De Successor' (diel 1)

Trainer Richard Westerink hie mei it hynder Timoko ien fan de suksesfolste dravers oait. Kin Timoko syn soan, Etonnant, him nei de kroan stekke? Filmmakker Thom Verheul folget trainer en hynder twa jier op 'e foet by de grutste draafwedstriden fan de wrâld. FryslânDOK stjoert de dokumintêre 'De Successor' yn twa dielen út by NPO2 en Omrop Fryslân.
FryslânDOK 'De Successor' diel 1 (op 1/2 april) en diel 2 (op 8/9 april)
Sneon 1 en 8 april NPO2 15.30 oere (werhelling sneins 13.18 uur)
Snein 2 en 9 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
Snein 2 en 9 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

Op 'e draafbaan fan Wolvegea helle Richard Westerink út Apeldoorn oait syn earste suksessen. Hy besleat nei Frankryk te gean, om't dêr de sport hiel grut is.
Triomftocht
Hy makke dêr furoare mei syn tophynders. Syn ferneamdste draver Timoko wûn fiif miljoen euro by elkoar en is no mei pensjoen. Timoko bleau nei in feiling oer en Westerink seach der wol wat yn. Hy boude in bysûndere relaasje op mei it hynder. It waard it begjin fan syn triomftocht by alle koersen fan de wrâld lâns.
Timoko syn soan, de no achtjierrige Etonnant, is it grutste talint fan Richard syn stâl.

Ynternasjonale rollercoaster
Filmmakker Thom Verheul reizige man en hynder achternei yn in ynternasjonale rollercoaster, mei hichte- en djiptepunten op en bûten de draafbaan. Yn Stockholm wachte yn maaie ferline jier it wrâldkampioenskip. Etonnant stie dêr foar de hast ûnmooglike opjefte om de fuotstappen fan syn heit Timoko te folgjen, dy't de wrâldtitel earder al twa kear wûn.
Verheul: "Het is een film over het najagen van een droom, over winnen en verliezen, en over de relatie tussen een man en een paard." De filmmakker wûn ferline jier mei syn dokumintêre 'The Successor' op it Ynternasjonaal festival foar Sport Films fan Milaan de earste priis yn de kategory sport 'Great champion'.

Programmamakker Thom Verheul