Drachtster Boys fiert 75 jier mei dokumintêre: fan âlde bylden oant TikTok

Byld út de dokumintêre © Drachtster Boys
Drachtster Boys bestiet 75 jier. Yn 1948 waard op in gersfjildsje oan de Burgemeester Wuiteweg de earste bal trape, woansdei gie in spesjale jubileumdokumintêre yn premjêre.
"We hebben geprobeerd om in een documentaire de rode draad te laten zien van 75 jaar Drachtster Boys", seit Jan Willem Visser fan de jubileumkommisje. "Dat betekent dat we niet alleen TikTok-beelden gebruiken van de jeugd, maar ook hele oude beelden uit 1950-1955."
Mei in healoere oan bylden en ynterviews besiket de klup de hichtepunten fan de ôfrûne 75 jier sjen te litten. "Alles erop en eraan: dames- en herenvoetbal, veldvoetbal, vrijwilligerswerk. Een dwarsdoorsnede van de vereniging."
Der binne ek âlde bylden brûkt © Drachtster Boys
Dat wie noch wol in hiele toer, leit Visser út. "Een documentaire is wel wat anders dan een jubileumboek. We wilden ook eens wat anders doen. Wel lastig, want je hebt veel materiaal, maar een documentaire moet niet te lang worden."
Dêrom moast der ek keazen wurde. "We waren als jubileumcommissie wel gespannen hoe het over zou komen. Maar we kregen louter positieve reacties, een hele enthousiaste zaal."
Der binne allerhanne aktiviteiten om it jubileum hinne © Drachtster Boys
Tongersdei folget jûns noch in offisjele resepsje yn de kantine, mei in sympoasium foar sa'n 120 man. Dêr binne ek fertsjintwurdigers fan KNVB, gemeente, Nij Smellinghe, The Female Trail en sponsoaren by.
"Dat staat in het teken van het thema '75 jaar verenigd in de mienskip.' Vanuit verschillende invalshoeken willen we stilstaan bij wat zo'n club nu betekent voor een gemeenschap zoals die in Smallingerland."
De dokumintêre is op in letter momint te finen op de webside fan de fuotbalklup.