HEA! Gek fan Mustangs

HEA! Goeie Mustang
As hy it lûd heart fan de V8-motor, dan begjint it hert fan Piet Boon flugger te klopjen. Hy is gek fan âlde Mustangs en hat der twa op it hiem stean.
De iene Mustang hat er noch mar krekt kocht. It is in opknapperke. Mei de oare Mustang hat hy al in soad riden. En dan falle de mûlen fan de minsken dy't him riden sjogge altyd iepen. Eltsenien fynt it in prachtgesicht. Mar foar sa'n ritsje mei de Mustang moat Boon earst wol efkes sparje, seit er mei in knypeach. De auto sûpt brânstof.