Fryske oersetting fan Oekraynsk printeboek smyt 3.500 euro op

© ANP
In jier nei it útbrekken fan de oarloch yn Oekraïne oerlangje Fryske útjouwers hjoed de opbringst fan har mienskiplike aksje oan Unicef. Har boek 'Maia en har freonen' is de oersetting fan in Oekraynsk printeboek. Der is 3.500 euro ophelle.
"Dat is in moai bedracht foar in lyts taalgebiet as Fryslân", seit Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen. Se makke de oersetting fan it boek dat Larysa Denysenko skreau. It boek is yn sân talen oerset, ûnder oare yn it Ingelsk, Poalsk en Sweedsk. "Mei elkoar is 60.000 euro ophelle." Dat jild giet nei de bern yn Oekraïne.
It boek giet oer Maia, in famke dat fertelt oer har klasgenoaten en dy har ferskillende thússitewaasjes. "De iene groeit bygelyks op by pake en beppe en Maia sels hat twa memmen." De skriuwer is fanwegen de tematyk mei de dea bedrige.
© Omrop Fryslân
Hoogeveen hat sa no en dan kontakt mei de útjouwer fan it boek, Liliia Omelianenko. "Se is oan it begjin fan de oarloch nei Bratislava gongen en hat har man amper mear sjoen, want dy moast bliuwe om opropber foar it leger te wêzen. Se sei dat der gjin Oekraïner is dy't sûnder stress libbet."
Letter dizze moarn rikt Hoogeveen op basisskoalle Nijdjip yn Grou de sjek út oan Unicef-ambassadeur Sipke Jan Bousema. Yn Grou sitte in soad Oekraynske bern op skoalle. Bysûnder oan dit projekt is, is dat de alve Fryske útjouwers foar it earst gearwurke hawwe.
Tialda Hoogeveen jout de sjek oan Sipke Jan Bousema © Boeken fan Fryslân
Tialda Hoogeveen