Frjentsjer hâldt skiednis 'Kibboets op de klaai' yn eare mei monumint

Auke Zeldenrust en Syds Wiersma foar de eardere kibboets © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Mei in monumint mei dêrop 24 nammen wol Frjentsjer de kibboets dy't ea yn de stêd siet yn oantinken hâlde. Sjoernalist Auke Zeldenrust en ûndersiker Syds Wiersma brochten de skiednis yn kaart.
"Wat my opfalt, is dat it noch hieltyd libbet", seit Wiersma. Ek Zeldenrust is ûnder de yndruk fan de skiednis. "De hechtheid fan dizze groep falt op. It wie in groep minsken mei itselde ideaal."
Nammemonumint foar deamakke Frjentsjerter kibboetsbewenners
It ferhaal begjint yn de jierren '30 fan de foarige iuw. Jacob Bramson, doe genêshear yn it psychiatryske sikehûs fan Frjentsjer, wie ien fan de inisjatyfnimmers fan it oprjochtsjen fan in kibboets, in Joadske buorkerij, yn dyselde stêd. Op de kibboets waarden minsken oplaat om letter yn Palestina oan de slach te gean om dêr de lânbou te ûntwikkeljen.

"Letterlik en figuerlik monumintaler"

Troch de oarloch waard dat plan wreed fersteurd: 24 kibboetsbewenners oerlibben de oarloch net. Harren nammen steane op it monumint dat tongersdei ûntbleate wurdt. It is in belangryk monumint foar de stêd, fynt Gerrit Terpstra fan de Stichting 1940-1945. "Ik wist earst net dat it in âlde kibboets wie. Ik koe it allinnich as antyksaak. Mar troch alle omtinken de lêste jierren is wol dúdlik wat him hjir ôfspile hat."
Terpstra hat in soad leard de ôfrûne tiid. "We binne ús dêrneist ek bewust wurden fan Joaden en Frjentsjer. Dat hat no mei de nammen dy't troch al it ûndersyk boppe wetter kaam binne in gesicht krigen. It is letterlik en figuerlik monumintaler wurden."
It nammemonumint sit no noch ynpakt. Tongersdei wurdt it ûntbleate © Omrop Fryslan
Wiersma en Zeldenrust ha in soad ûndersyk dien. Zeldenrust skreau der in boek oer, Wiersma makke in film. Yn Israel hat Wiersma mei neibesteanden en famyljeleden praat. "Troch de bylden dy't opdûkt binne en dy't sjen litte hoe't it libben hjir wie, rekken se hiel belutsen", seit hy. "Guon binne oerkommen út Israel en ha by de eksposysje oer de kibboets west en oaren komme tongersdei by de ûntbleating fan it monumint."
Ien fan de minsken dy't identifisearre is oan de hân fan it ûndersyk, is Judith Wolf. "Har beppesizzer wurket yn Amsterdam as filmmakker. Sy naam kontakt mei ús op. Oan de hân dêrfan kaam it ferhaal by har yn de famylje los en dûkten der hiele bysûndere foto's op."
De omslach fan it boek 'Kibboets op de klei' skreaun troch Auke Zeldenrust © Omrop Fryslan
Yn de tún fan de eardere kibboets, no in wenhûs, stiet in parrebeam. It is deselde beam dy't ek te sjen is yn de âlde filmbylden dy't goed twa jier lyn opdûkt binne. Foar sjoernalist en skriuwer Auke Zeldenrust is dat neist it gebou in goed taastber oantinken oan de kibboets. "Dy beam stie der doe ek al. Hjir hellen se fruit wei, hjir wie ek de grientetún."
Oan de hân fan dokuminten, brieven en krante-artikels besocht Zeldenrust ynsjoch te krijen yn it libben doe. "Se skriuwe ûnder oare dat Frjentsjer op it Fryske plattelân leit, flakby see. Dat it hjir kâld is en altyd waait. Dat se op 'e fyts nei de pleats moatte om dêr te wurkjen. Dat noch los fan de mentaliteit fan de Fryske boeren. Dy wie stiif. Dêr hienen se bêst muoite mei."
Het complete plaatje is nu zichtbaar. Dat heeft ons diep ontroerd.
Rob van Deelen en Yvonne van der Graaf, hjoeddeiske bewenners
Ek al wie it libben yn Fryslân hurd, se hienen yn Palestina in soad oan har oplieding, seit Zeldenrust: "Se wisten hoe't se it lân bewurkje moasten, in ko melke. Dêr wienen se hiel goed yn. Se krigen dan ek liedingjaande funksjes by de kibboetsen dêr't se wurken."
De hjoeddeiske bewenners Rob van Deelen en Yvonne van der Graaf binne bliid mei alle oandacht foar de kibboets. "Het complete plaatje is nu zichtbaar. Dat heeft ons diep ontroerd. Ook dat de Franekers nu precies weten wat er hier is gebeurd. De kibboets staat nu op de kaart."
Undersiker Syds Wiersma makke mei dokumintêremakker Gerard van der Veer en kameraman Gerko Jonker in film, 'Kibboets op 'e klaai'. De film giet op 10 novimber yn premjêre yn De Koornbeurs yn Frjentsjer en by it Noordelijk Film Festival.
Dêrnei is de film yn trije ôfleveringen te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân, op 12 & 13 novimber, 19 & 20 novimber en op 26 & 27 novimber. It boek fan Auke Zeldenrust, 'Kibboets op de klei', wurdt tongersdei presintearre by de ûntbleating fan it monumint.