Sport Fryslân helpt sportklups by ferduorsumjen: "Yn dizze tiden ek needsaak"

Anne Jochum de Vries, direkteur Sport Fryslân © Omrop Fryslân, René Koster
Sport Fryslân is dwaande om sa folle mooglik sportklups yn Fryslân duorsumer te meitsjen. Sportkoepel NOC*NSF hat 150.000 euro frijmakke foar it projekt.
Yn totaal siket Sport Fryslân hûndert sportakkommodaasjes om te begelieden by it besparjen op enerzjyferbrûk. Yntusken ha om ende by de 60 klups sein dat se meidwaan wolle.
Neffens direkteur Anne Jochum de Vries is it foar de klups net allinnich in moaie stap foar de takomst dat akkommodaasjes ferduorsume wurde, mar yn dizze tiden ek needsaak. "De enerzjykosten sa't dy stige op 't heden, dat is in grutte ramp foar it ferieningslibben."

Besparje

By ferieningen dy't ynteresse ha wurdt yn earste plak troch spesjalisten sjoen nei de mooglikheden yn de gebouwen. "Tink oan LED-ferljochting, yn de kantines mar ek om de fjilden hinne, dat is al in hiele grutte besparring. Tink oan it pleatsen fan sinnepanielen, it wurkjen mei in hybride systeem wat waarm wetter oanbelanget."
Nei dy earste fase fan ferbetteringen komt der noch in ekspert del by de ferieningen del. "Om troch de akkommodaasje hinne te rinnen en te sjen wat dêr noch mear mooglik is."
Sinnepanielen © Omrop Fryslân
Uteinlik komt sa'n ekspert dan mei in plan foar de klups, mei dêrby ek de mooglikheden ta subsydzjes. It jild dat NOC*NSF beskikber stelt is dan ek net bedoeld foar de klups sels, mar foar it begeliedende trajekt.
"Wy skeakelje in ekspert yn om in plan te meitsjen en yn dat plan sitte alle lokale, regionale en lanlike subsydzjemooglikheden." Sport Fryslân kin de klups dêrnei ek noch helpe mei it plan útein te setten en de subsydzjes oan te freegjen.

Yntinsyf

It rûnbeljen kostet wat tiid, seit De Vries. "Je binne sa tweintich minuten oan it beljen, it is wol yntinsyf. Mar tagelyk is dizze oanpak hartstikkene effektyf."
"De klups krije direkt goede ynformaasje, fan in ynstânsje dy't se fertrouwe", leit er út. "Wy ha gjin winsteachmerk, wy binne der om it ferieningslibben te helpen. Wy fernimme dat dat hiel bot wurdearre wurdt."