Wurkgroep Grien Gas: "Gas út kowedong kin 94 persint fan Fryslân waarm hâlde"

© ANP
Fryslân soe der ferstannich oan dwaan om by de enerzjytransysje folle mear yn te setten op it produsearjen fan grien gas út kowedong. Dat seit Harm de Kroon, foarsitter fan wurkgroep Grien Gas.
De wurkgroep oerlange woansdei in advys dêroer oan deputearre Sietske Poepjes. Mei it gas út kowedong en oare biogasprodukten dy't beskikber binne, soe miskien wol 94 persint fan de Fryske hûzen en gebouwen waarm holden wurde kinnen.
"Dan moat der in regeling komme wêrmei't je de kowedong rendabel fergiste kinne ta grien gas", fertelt De Kroon. Dan moat der wol it ien en oar feroarje. "It kin no allinnich mar foar bedriuwen fan 500 kij en mear. Dy ha we hjir suver net, dus dat helpt net."

"Gewoane bedriuwen"

"Je moatte in regeling ha dat je fan gewoane trochsnee bedriuwen yn Fryslân de kowedong fergiste kinne." Hy tinkt dat dêrmei in grutte hoemannichte grien gas foar Fryslân beskikber komme kin.
De Kroon sjocht in soad foardielen, neffens him soe it nije griene gas in oplossing wêze kinne foar ferskate problemen. It is goed foar it klimaat en it miljeu, en foar boeren kin it in nije wize wêze om fan harren dong ôf te kommen en harren útstjit werom te bringen.
"Troch it fergisten rint de útstjit fan metaan mei 80 persint werom. Boppedat giet as je farske dong fergiste de stikstofútstjit mei 40 persint werom. Dat biedt ek wer perspektyf foar de boeren."

Imago

Eartiids wiene der al wol oare soarten fergisters, mar dêr wiene buorlju meastentiids net al te wiis mei. "Dat komt omdat it eartiids altyd koalfergisters wiene. Dan waard de stront fergiste en dêr kamen allegearre ôffalprodukten by. Dy leine op it boerehiem en dy stjonke." Boppedat moat de stront faak noch yn tankweinen fan it boerebedriuw nei de fergister ta brocht wurde.

Twa jier

It sels meitsjen fan grien gas út ûnder oaren kowedong soe de provinsje boppedat minder ûnôfhinklik meitsje kinne fan Russysk of oar bûtenlânsk gas. "De technyk is klear, de stront leit der ek, dus je kinne hiel gau los. Mar de regeling moat earst noch oanpast wurde, en dan moatte je noch bouwe. It kin hiel gau, mar je binne samar twa jier fierder."
Earder dizze wike waard bekendmakke dat Fryske oerheden op 10 oktober definityf in ein meitsje oan harren kontrakt mei Gazprom Energy. De provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten sille mei yngong fan 11 oktober gas en elektrisiteit ynkeapje dy't yn Fryslân sels opwekt wurdt.
Harm de Kroon