HEA! Strieljager klear foar it museum

De mannen fan Smart Constructions op It Hearrenfean lizze de lêste hân oan de restauraasje fan de âlde strieljager F100-D Super Sabre. It fleantúch is hast klear foar de grutte reis nei syn lêste rêstplak: it militêr museum yn Soesterberg.
HEA! Strieljeager klear foar museum
Der wurde letters oanbrocht op de strieljager, en dat is in hiel sekuer wurkje. It moat wer wurde sa as it eartiids wie. De mannen dy't de F100-D Super Sabre opknappe, fine it in hiele eare om sa'n âld fleantúch te restaurearjen.