HEA! Kroechbaas op jierren

Leeftiid is gjin behindering foar Marinus de Jong fan Easterwâlde om in kroech te begjinnen. De hast tachtichjierrige kroechbaas iepene ferline jier kafee Het Wapen van Ooststellingwerf. Mei wille tapet hy de pilskes. Dat hy noch sa flink is, hat neffens De Jong te krijen mei dat hy yn de oarlochsjierren berne is. Doe moasten de minsken omstean leare, en dêrom mankearret him no neat.
Marinus de Jong (80) fan Easterwâlde stiet noch efter de bar: