HEA! De grientekream fan Rowan

De griente hellet hy sels fan it lân fan heit. Rowan Steeghs (9) út Dokkumer Nije Silen ferkeapet mei in soad nocht biologyske sipels, koal en bierwoartels oan de dyk. De opbringst sparret hy op, dêr wol hy letter in trekker fan keapje. Mem is ek wol bliid mei de aktiviteit fan Rowan. Sa sit hy net sa faak efter in skermke, mar is hy lekker dwaande mei syn grientekarre.
Rowan en syn grientekream