Fan de Seine nei Koatstertille: skûtsje Nooit Gedacht is thús

Nei 120 jier is it skûtsje Nooit Gedacht nei in lange reis werom op it plak wêr it makke waard: Koatstertille. It skûtsje is skonken troch de Frânske eigeners. Yn Parys lei it skûtsje yn de Seine as Bed en Brochje.
Bart Koen sjocht it skûtsje werom wêrop't er berne is:
Yn 1901 waard dit skûtsje yn Koatstertille op in werf boud. Fan frachtskip waard it wenskip, en fan wenskip waard it bed & breakfast. Uteinlik bedarre it skûtsje yn Parys, dêr't it de namme Lady Lise krige. Mar Achtkarspelen krijt it skûtsje werom.
It skip wurdt restaurearre by it Beurtskip yn Droegeham en krijt in nije funksje. Dêr wurdt der in projekt fan makke foar minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk.

Emosjoneel

Foar Bart Koen wie it momint dat it skûtsje foar it earst de werf yn Koatstertille yn kaam emosjoneel. Koen waard yn 1946 berne op it skûtsje de Nooit Gedacht. Nei't syn heit it skip yn de jierren '60 fan de hân die hat er it skûtsje nea wer werom sjoen.
Koen hie de triennen yn de eagen doe't by Haitsma Beton it skip oan de wâl brocht waard. "Dat ik it skip ea wer sjen soe. Dat hie ik 'Nooit Gedacht'.