Sintrale As tusken Dokkum en De Westereen hiele wykein ticht om slakken

Wurk oan de Sintrale As © RTV NOF
De Sintrale As tusken Dokkum en De Westereen is it hiele wykein ticht. Dat is nedich om problemen mei stielslakken oan te pakken.
Nei dit wykein is der foar it ferkear tusken Dokkum en De Westereen moannenlang mar ien rydstrook beskikber yn beide rjochtingen.
De ferkearsmaatregels wurde naam sadat der feilich wurke wurde kin oan in probleem dat al jierren spilet: de dyk lekt swiere metalen.
Dit is it probleem op de Sintrale As (en sa wurdt it ferkear omlaat)
It probleem sit yn de fundearring fan de dyk. Dy is makke fan stielslakken. Dat is in restprodukt út de heechovens, dat frijkomt by de produskje fan stiel.
Metalen en oare stoffen lekke út dy slakken wei, trochdat der reinwetter trochhinne streamt. No wurde se ôfdutsen mei foly.
Streekomrop RTV NOF prate earder mei projektlieder Folkert Reitsma, dy't sjen liet hoe't de slakken der út sjogge: "Se binne frij lyts en wat grizich."
De earste kear dat de foly yn Nederlân brûkt waard, wie ek by de Sintrale As, in eintsje fierderop. Dat koe net samar, de oannimmer hat mei de provinsje in jier lang ûndersyk dien foardat dúdlik wie dat dizze oplossing oan alle easken foldocht.
It wurk duorret oant 19 maaie. Yn dy tiid is de ynfoechstrook fan Broeksterwâld nei Drachten ticht. Dêr is te min romte foar ynfoegjend en passearjend ferkear. In omliedingsrûte rint oer de rotonde by Dokkum en wer werom.