Telefoansteuring by Omrop Fryslân

26 des 2015 - 14:48
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Omrop Fryslân is sneontemiddei tydlik telefoanysk net te berikken, troch in steuring yn de telefoanlinen. Om kertier oer twaen hinne soe it telefoanysk stimmen begjinne foar de Fryske Top 100. Fuort nei de start lykwols foelen de telefoanlinen út. Net allinnich it spesjale Top 100 nûmer is troffen troch de steuring; ek de oare linen nei bygelyks de nijsredaksje dogge it net.

Technisy fan Omrop Fryslân binne drok dwaande om út te sykjen wat der misgongen is. Mooglik hawwe der tefolle minsken tagelyk belle, om har top 5 troch te jaan.

Op twadde krystdei is neffens tradysje de Fryske Top 100 einsprint. Minsken dy't net gebrûk meitsje kinne of wolle fan it ynternetstimmen, kinne dan telefoanysk har top fiif jaan. Wannear't de steuring oplost is, is noch net bekend. Op ynternet kin wol gewoan stimd wurde foar de Fryske Top 100. It probleem sit by de provider yn Amsterdam. Der wurdt besocht om it telefoanferkear tydlik om te lieden.

(advertinsje)
(advertinsje)