'Stiennen dug-outs ferfange'

22 maaie 2014 - 15:49

'Alle stiennen dug-outs moatte binnen in jier ferfongen wêze'. Dat seit ERMA sport, de grutste fabrikant fan dug-outs yn Nederlân. It bedriuw seit dat it djip rekke is troch it ûgelok yn Twizel dêr't in famke fan 10 út Surhústerfean by om it libben kaam is.

Om inselde ûngelok yn de takomst foar te kommen biedt it bedriuw sportklups oan om stiennen dug-outs mei flinke koarting ferfange te litten troch aluminium dug-outs.

(advertinsje)
(advertinsje)