'Schoolverlichting' no ek yn Ljouwert: 'Yoga yntegrearje yn it basisûnderwiis'

09 okt 2020 - 16:06

Dit wykein set op Club Yoga yn Ljouwert de oplieding 'schoolverlichting' útein, yn gearwurking mei de Nieuwe Yogaschool yn Amsterdam. Eigener Johan Noorloos hat sels foar de klasse stien en wist dat er ea yoga op skoalle bringe woe. Hy en syn team liede yogadosinten op yn it leger, by de plysje en it bedriuwslibben. Mar it moaiste is om by de bern te begjinnen, fynt er.

Want wat soe it moai wêze dat je as bern al witte dat der in stilteplak yn dysels sit. Sa fertelt er. Dat je mei alle prikels, sosjale media en prestaasjedruk de rêst yn dysels fine kinne. Dat bern letterlik en figuerlik lekkerder yn harren fel sitte. Dat is net allinne goed foar de learprestaasjes, mar ek foar de sfear yn de klasse. Johan Noorloos fynt it noch altyd spitich dat er dit sels as bern nea leard hat. "Ik hoorde onlangs iemand zeggen dat dit een investering in het mens-zijn is".

In 2023 hebben we wereldwijd 2 miljoen basischoolkinderen bereikt met schoolverlichting.

Johan Noorloos, yogadosint/trainer

Bliid en lokkich

Hy laket as er dat fertelt. Yn de hal fan de Keninginne Wilhelminaskoalle yn Ljouwert, dêr't skoalleferlichtingsdosint Asbjorg Ronner krekt in skoalleferlichtingsles jout yn groep 2. Johan Noorloos wit wêr't er oer praat. Hy fertelt it rêstich en mei folle oertsjûging. Johan Noorloos is berne yn Harns en hat jierren foar de klasse stien yn Amsterdam.

Doe't er him hieltyd mear en mear ferdjippe yn de wrâld fan de yoga om yogadosint te wurden paste er it ek ta op de bern by him op skoalle. Hy seach wat it effekt wie. It ferbetteret de konsintraasje, it makket bern bliid en lokkich, der wurdt minder pest, it selsfertrouwen nimt ta, se fine mear rêst yn harsels. Hy iepene syn eigen yogaskoalle en stapte út it basisûnderwiis. Om no in soarte fan werom te kommen mei de skoalleferlichting.

Te drok

It is net de bedoeling dat der alle kearen in skoalleferlichtingsdosint komt. Dy komt in pear kear en jout de dosint tools sadat dy it oernimme en tapasse kin. Want allinne dan kin it yntegrearje yn it skoallibben, Johan hopet dat skoalleferlichting him as in oaljeplak oer it lân ferspriede sil.

Mar hawwe learkrêften it net al drok genôch? Ja, dat heart hy ek faak genôch en hy wit dat ek út eigen ûnderfining. Mar krekt dan is it sa belangryk om meditaasje, yoga en mindfulness ta te passen. Want it effekt is neffens him dat alles dan krekt wat makliker giet. Undersiken yn it bedriuwslibben litte dat sjen, seit er. Dat de prestaasjes tanimme en dat de kreativiteit omheech giet.

De earste resultaten fan de skoalleferlichting binne posityf. Yn Amsterdam rint der al in pilot en ek op oare plakken yn it lân is der al ûnderfining mei skoalleferlichting. Wat hy en syn team weromhearre fan de dosinten, de âlders en de bern is dat it rest bringt en de sfear ûnderling ferbetteret.

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Dit soe eins de gewoanste saak fan de wrâld wêze moatte yn it ritme fan de skoaldei. "Gymnastiek werd 100 jaar geleden een verplicht vak op de lagere school. Het zou fantastisch zijn als yoga, meditatie en mindfulness een vast onderdeel worden van een dagritme. Waar je de dag mee kunt starten, hoe je dat kunt integreren in een gymles, hoe je het kunt gebruiken voor een toets".

Krekt no, seit er. As je ferbining meitsje mei dysels, meitsje je ek in oare ferbining mei de minsken om je hinne. "Dat je mag leren dat je je gevoel mag vertrouwen, dat je niet bent wat je denkt, dat je toeschouwer kunt zijn van al die gedachten die er vaak zijn."

Beam

Yn groep 2 fan juf Anja ha de bern yntusken in ferhaal heard fan juf Asbjorg oer gedachten dy't binne as plúskes. Dat je dy fuort blaze kinne, krekt as by de blom. Entûsjast blaze de bern sabeare plúskes fuort. In oare oefening is de kuierjende beam. Op muzyk rinne se troch de klasse en sjonge "ik ben een wandelende boom".

Kyra, Julia en Maan fine dat it aldermoaiste fan de les. Maan fertelt dat se har 'leuker' fielt. Op de fraach wêr't se dat dan fielt, seit se dat se it op skoalle sa 'leuker' fynt. Juf Anja follet oan. Se sjocht dat de bern rêstiger binne as oars as se nei de skoalleferlichtingsles sels kieze meie wat se dwaan wolle. En dat se mear oerlizze mei inoar. In pear moat har enerzjy kwyt, mar de measten sitte nei ôfrin yn mear rêst te tekenjen of te klaaien.

Dream

Werom nei de útspraak dat dit in ynvestearring yn it minsk-wêzen is. Johan Noorloos tinkt dat it echt sa is. "Ik kan 't zo vertellen, omdat ik het zelf zo duidelijk heb ervaren, dat je niet per se de hele dag als een kip zonder kop reageert op die stemmen in je hoofd of op al die dingen om je heen, dat het je in contact brengt met iets in jezelf, wat zo waardevol is wat misschien wel de kern is... Weet je, als je iets hebt gevoeld in je leven wat je heel erg goed heeft gedaan, dan geeft dat de grootste voldoening om dat met anderen te delen. En dat is mijn droom."

Sjoch hjirûnder nei it langere ferhaal fan Johan Noorloos:

(Advertinsje)
(Advertinsje)