Hast gjin online ûnderwiis by Campus Fryslân

09 okt 2020 - 15:56

De lessen foar studinten fan Campus Fryslân wurde hast allegear jûn yn it Beursgebou yn Ljouwert. Fysyk ûnderwiis yn klaslokalen dus. En net online, lyk as by de measte ynstellingen foar heger ûnderwiis. "Het is een geluk bij een ongeluk dat we nog maar weinig studenten hebben en wel een heel groot gebouw." It tal studinten dat binnen om stapt is hast nea boppe de hûndert.

Hast gjin online ûnderwiis by Campus Fryslân

De universiteit yn Fryslân groeit minder hurd as dat se in pear jier lyn betocht hiene, mar mei de útbraak fan it coronafirus is dat eins in goeie saak. Grutte ûnderwiisynstellingen wrakselje mei it oanbieden fan lessen yn harren gebouwen trochdat der tefolle minsken tagelyk yn in romte wêze moatte. It is dan faak net mooglik om de 1,5 meter ôfstân fan inoar te hâlden.

Campus Fryslân gjin probleem

By de Campus Fryslân is dat hielendal gjin probleem. It beursgebou dêr't de fakulteit fan Rijksuniversiteit Groningen sit is yn totaal 5.500 kante meter. Rom genôch dus om eltsenien in plakje te jaan.

"Wij hebben gekeken naar de capaciteit van de lokalen. Die is natuurlijk wel afgenomen doordat alles op anderhalve meter afstand van elkaar gezet moest worden," sa fertelt beliedsmeiwurker Chantal Vrijhof. "En daarna hebben we gewoon per les gekeken wat er makkelijk online kon en wat we beter hier konden doen. En zo kwamen we op zo'n 70 procent fysieke lessen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Lyk as op tal fan oare plakken yn ús provinsje, binne der yn it gebou rinrûten oanjûn en steane der oeral pompkes mei hângel. By de lokalen sels stiet by de doar oanjûn hoefolle minsken der tagelyk nei binnen meie. De tafels foar studinten steane op oardel meter fan inoar en oeral lizze skjinmakdoekjes op de tafels.

Mûlkapkes

Op de gongen en oare publike romtes wurdt it dragen fan in mûlkapke oanret en de measte studinten hawwe dy dan ek op. "Dit is wel het maximale dat we kunnen doen. Meer fysiek les zit er niet in tot dat corona weer voorbij is, maar we zijn blij dat we zo ver zijn kunnen gaan."

De studinten binne der wiis mei. Koen Pouw is twaddejiers en hat ferline jier in grut part fan de tiid online les folgje moatten. "En je merkt toch dat dan op een gegeven moment de motivatie moeilijker wordt. Je mist de interactie met docenten en met medestudenten." Pouw hopet dan ek dat, nettsjinsteande it oprinnende oantal besmettingen, Campus Fryslân sa trochdraaie kin.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

By NHL Stenden is it dúdlik in stik dreger om fysyk ûnderwiis oan te bieden. De parkearplakken binne foar in grut part leech en ek yn de kantine sitte mar in hânfol studinten. It measte ûnderwiis fynt online plak. Wat der wol op skoalle bart is benammen it praktykûnderwiis. En it ferskilt per ôfdieling hoefolle der krekt op skoalle dien wurde kin. It measte praktykûnderwiis fynt plak bij de Hotelskoalle.

Praktykûnderwiis: it kin net oars

"Bij ons is nu zo'n 40 procent van het onderwijs op school," sa fertelt Marco ten Hoor, direkteur fan de Hotel Management School fan NHL Stenden. En dat kin ek echt net oars neffens him. "Dat komt omdat onze studenten dingen in de praktijk moeten doen. Je kunt niet thuis achter de computer oefenen hoe het er aan toe gaat in de horeca. Daarvoor moet je echt hier zijn. In de keuken, achter de bar of op de hotelkamers."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferspraat oer it gebou sitte ek noch groepkes studinten mei-inoar te wurkjen en der binne in pear lokalen dy't brûkt wurde foar lessen. Mar dy binne no sa ynrjochte dat studinten en dosinten op 1,5 meter fan inoar bliuwe kinne. "Als de studenten samen met een praktijk docent in de keuken staan, dan heb je gewoon intensief contact. We hebben daarom daar de groepen kleiner gehouden."

It bliuwt wrakseljen

Neffens Ten Hoor is it echt in wrakseling om dit goed te dwaan. "Als ze vanuit Den Haag zeggen dat we weer meer fysiek onderwijs moeten aanbieden zou ik dat toejuichen, maar ik zie nog niet hoe we dat kunnen doen. Dit is echt het maximale dat we er uit kunnen houden als we ons aan alle maatregelen willen houden."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)