Fossylfrij Wykein úteinset: yn trije dagen ien miljoen fossylfrije kilometers

Yn de trije noardlike provinsjes is freed it Fossylfrij Wykein útein set. Doel is om yn trije dagen 1 miljoen fossylfrije kilometers te meitsjen, bygelyks troch de auto stean te litten, mear mei it iepenbier ferfier of de fyts te gean of te rinnen. Dat wurdt byhâlden yn in spesjale app. Dizze freed is de dei fan it bedriuwslibben en it ûnderwiis.
© Shutterstock.com (Glitterstudio)
Sa kinne studinten bygelyks yn de app Movefit byhâlde hoefolle kilometers se mei de trein meitsje fan harren studintestêd nei it hûs fan harren âlders ta, en kinne minsken dy't thúswurkje ynfiere dat se net harren gebrûklike kilometers nei it wurk meitsje.
"In eerste instantie was het hele programma vol met activiteiten, het werd erg gestimuleerd om dingen samen te doen. Maar nu gaan we allerlei dingen online doen, door alle omstandigheden natuurlijk", fertelt Carlotte Roncoli, de foarsitter fan Hospitality Network Students. Sa sil der in livestream-evenemint fia de webside fan de Fossylfrije Wiken plakhawwe. "Veel studenten zijn nu echt op zoek naar andere motivaties en uitdagingen. Zoiets kan hen wel heel erg motiveren, als student ben ik zelf ook enthousiast."
Carlotte Roncoli, foarsitter fan Hospitality Network Students