ROC Friese Poort wol studinten út de auto en set yn op CO2-neutraal

ROC Friese Poort wol dat studinten minder faak mei de auto nei skoalle komme en dat personiel mear thús wurket of mear mei it iepenbier ferfier reiziget. De skoalle set yn op folslein CO2-neutraal ûnderwiis oer tsien jier. It reizgjen tusken hûs en skoalle smyt safolle fersmoarging op dat dêr wat oan dien wurde moat, fynt ROC Friese Poort.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Njonken mear thúswurkje en minder studinten yn de auto, stimulearret de skoalle it brûken fan elektryske auto's, scooters en fytsen. Sa komme der mear laadpeallen by de ferskate lokaasjes fan de Friese Poort.
De útstjit is no sa'n 12.300 ton yn ien jier. It meiwurker- en studinteferkear feroarsaket sa'n 93 persint fan de CO2-útstjit fan de skoalle. Dêrom wol ROC Friese Poort it tal reisbewegingen beheine.