HEA! 'Dameszadelclub Fleurop'

'Dameszadelclub Fleurop' is in unike showgroep mei elegant klaaide froulju op Fryske hynders. Sy ride op frouljussealen, sa't se dat eartiids ek diene. Mei beide fuotten oan ien kant. De groep bestiet út seis keppels dy't mei-inoar yn formaasje ride. In moai betochte show en it applaus hearre, is foar harren it moaiste wat der is. Mar de froulju fan Fleurop soene wol graach wat mear leden hawwe en dus kin eltsenien har oanmelde.
HEA! Damessadelclub Fleurop