Freedsmerk: "Stimme oer de post is in goed idee, mar fraude leit op 'e loer..."
Op 17 maart binne der wer Twadde Keamer-ferkiezingen en it sjocht der net nei út dat we dan al fan it coronafirus ôf binne. Dêrom wurdt no ek nei oare mooglikheden sjoen, lykas stimme oer de post. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de reaksjes ferdield oer dat idee.
"Foar âlderen soe it in útkomst wêze, dat is better as yn sa'n folle seal!", wie ien fan de reaksjes. "Een grote opkomst lijkt me logisch in deze tijd en dan krijg je wel lange rijen", sei in oar.
Praktyske beswieren seagen minsken ek: "Wat in gedonder. In brief skriuwe en dan in slúf en dêr mei nei de bus. Dan wurdt it al gau: dat doch ik moarn wol....". Mar it wurd 'fraude' foel ek geregeld. "Als er maar de minste kans op fraude is, moet je het niet doen. Dat is niet leuk voor de verliezer, maar ook niet voor de winnaar."
Oare opsjes waarden ek noch neamd, lykas de stimmerij útsmarre oer 14 dagen, stimme mei in app of fia de kompjûter, útstelle oant de simmer of miskien wol in jier opskowe: "We hebben nu een steady regering en dat is precies wat je nodig hebt." Mar dêr stie ek wer in hiel oar lûd tsjin oer: "Ik stim noait dus mei poatlead of oer de post, makket dan ek neat út..."