Skoalkoepel Noventa hat mar ien reaksje krigen op Swarte Pyt-beslút

It beslút fan 9 fan de 21 skoalkoepels yn Fryslân om gjin Swarte Piten mear te brûken by it Sinteklaasfeest is goed fallen. "Minsken hawwe der alle begryp foar", seit direkteur Dictus Hoogsteen fan CBS De Lichtbron yn Bûtenpost, ien fan de skoallen dêr't ôfstapt wurdt fan Swarte Pyt.
fideo skoalle
"Hielendal op dit momint, mei alle diskusje dy't der yn dizze tiid is", ferfolget Hoogsteen. It docht ek wol bliken út it tal reaksjes dat der op it beslút kaam is. By skoalkoepel Noventa is der by alle skoallen mar ien reaksje op kaam.

"It falt net út de loft"

Hoogsteen jout ta dat it somtiden wol gefoelich lizze kin. "Mar ik wit dat it yn Bûtenpost noch wol wat tafalt. Ferline jier spile it net en diene wy it noch mei Swarte Pyt. Mar de diskusje wurdt heftiger en ek Black Lives Matter spilet. Dat hat wol wat feroare. Dogge je it dit jier net, dan takom jier wol. As je op in goeie wize rekken mei inoar hâlde kinne, dan moatte je dat dwaan."
De skoaldirekteur seit ek dat it eins net oplein is. "Wy hawwe sa no en dan wer in direksjepetear mei de skoallen. Dus it falt net út de loft. Der hat sels oerlis west mei oare koepels."

'Roetveegpiet'

By De Lichtbron komt dit jier in 'roetveegpiet' mei Sinteklaas. "Wy fiere it feest en foar de bern makket it net út: de wille is like grut. En ferjit net dat de besite fan Sinteklaas op skoalle ek oars is as dy yn it doarp of de lanlike yntocht. Boppedat is it no coronakrisis, dus âlden kinne der net iens by wêze."
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek op skoalle
CBS De Lichtbron yn Bûtenpost © Google Street View

By CBO-NWF keazen de skoallen sels

By skoalkoepel CBO-NWF mei 17 skoallen yn Noardwest-Fryslân litte se de skoallen sels kieze, fertelt Teo de Groot fan de skoallekoepel: "We hebben het er natuurlijk met onze directeuren over gehad. Wij zien de maatschappelijke discussie en zeggen: eigenlijk is Zwarte Piet niet meer van deze tijd. Maar wij staan ook niet op onszelf. We staan ook in contact met het dorpsbelang en de gemeente. We maken deel uit van een gemeenschap. We kunnen wel iets afkondigen, maar daarmee leggen we ook een dilemma bij andere organisaties neer."
Dêrom hopet De Groot dat eltsenien yn petear bliuwt mei-inoar. "Bij ons is de uitkomst dat er geen Zwarte Piet meer komt, maar dat we er wel een mooi feest van maken." Direkteur Piet Huijser fan CBS De Korendrager yn Frjentsjer leit út hoe't dat yn de praktyk giet: "We hebben contact gehad met het comité van de intocht. Zij zeiden: we hebben dit jaar roetveegpieten. Daar sluiten wij als school ons bij aan. Het wordt een mooi feest, Sinterklaas is al druk op zoek naar nieuwe pieten."
Teo de Groot fan CBO-NWF en Piet Huijser fan CBS De Korendrager