Ofrûne wike 665 besmettings; besmettings rinne minder rap op

It oantal coronabesmettings yn Fryslân is opnij flink tanaam. Sûnt ôfrûne wike freed is der in rekôroantal fan 665 minsken posityf test, tsjin 513 in wike earder. Dochs wie der foar it earst nei trije wiken gjin ferdûbeling mear fan de wyklikse taname. De foarse stiging fan de ôfrûne tiid soarget derfoar dat GGD Fryslân by it boarne- en kontaktûndersyk effisjint wurkje moat en de oandacht konsintrearret op kwetsbere groepen.
Corona update GGD
It persintaazje jongerein tusken de 18 en 30 jier by wa't in besmetting fêststeld waard, wie dizze wike leger as de ôfrûne wiken. Sa'n 30 persint fan de 665 posityf testen siet yn dizze kategory. Wylst dit yn de ôfrûne wiken hast de helte wie. Yn de kwetsbere groep boppe de 70 jier ferdûbelen de besmettingen fan 25 nei sa'n 50.
Ut sport- en oare ferienings wei binne der de ôfrûne wike amper besmettings by kaam. It is neffens GGD Fryslân noch te betiid om konkludearje te kinnen oft dit komt troch de lanlike beheinings dy't op 29 septimber yngien binne. Om't it coronafirus in besmettingsfirus hat fan twa wiken, is dit effekt pas de kommende wike te ferwachtsjen.

Boarne- en kontaktûndersyk

GGD Fryslân praat, nettsjinsteande it grutte oantal besmettings, noch mei eltsenien dy't posityf test is. Dêrby wol de GGD benammen witte oft dy persoanen yn kontakt west hawwe mei ferpleech- en fersoargingshûzen of de thússoarch. As dat sa is, folget der fierder ûndersyk om fersprieding fan it firus ûnder kwetsberen tsjin te gean. Is dy relaasje net te lizzen, dan krijt in besmet persoan ynstruksje hoe't hy syn nauwe kontakten ynformearje kin dat foar harren it karantêne-advys fan tsien dagen jildt.
De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Sadree't GGD Fryslân it oantal boarne- en konaktûndersikers fierder útwreide hat of as it oantal besmettings ôfnimt, kin de GGD ek by persoanen bûten de soarch wer mear ûndersyk dwaan.

Hjerstfakânsje

Wa't yn de hjerstfakânsje nei it bûtenlân ta giet, hat dêr al gau mei spesjale rjochtlinen te krijen. Ynformaasje dêroer stiet op op www.nederlandwereldwijd.nl.
Fan sneon ôf is de app CoronaMelder yn it hiele lân yn gebrûk. Minsken dy't de app brûke en yn de buert west hawwe by ien dy't dêrnei posityf test is, krije dêrfan in berjochtsje mei it fersyk om tsien dagen yn karantêne te gean.

Earste stjergefal sûnt juny

It oantal tests is de ôfrûne wike tanaam ta 9.126. Dat binne der goed 2.000 mear as foarige wike. Foar it earst sûnt juny wie der wer in melding by GGD Fryslân fan in besmet persoan dy't ferstoarn is. Der wiene dizze wike fiif sikehûsopnames.
Yn in oantal soarchynstellings, skoallen en bedriuwen binne meardere besmettings konstatearre en oerleit de GGD hoe't fierdere fersprieding te foarkommen is. Yn thússituaasjes wurdt it firus ek noch faak oerdroegen.

Oantal coronabesmettings yn Fryslân yn de ôfrûne wike

Gemeente Oantal besmettings
Achtkarspelen 22
It Amelân 12
Dantumadiel 23
Eaststellingwerf 14
Flylân 4
De Fryske Marren 47
Harns 7
Hearrenfean 45
Ljouwert 219
Noardeast-Fryslân 27
Opsterlân 23
Skiermûntseach 0
Skylge 5
Smellingerlân 34
Súdwest-Fryslân 78
Tytsjerksteradiel 44
Waadhoeke 46
Weststellingwerf 15
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân