Foar it earst Reinbôgeflagge op Provinsjehûs foar Coming Out Day

Fryslân docht mei oan de ynternasjonale Coming Out Day. Dat is in evenemint foar de sosjale akseptaasje fan homo's, lesbiennen en alle minsken binnen de LHBTIQ+ beweging. Op ferskate plakken yn Fryslân is de reinbôgeflagge te sjen om omtinken te freegjen foar it ferskaat oan sekse en gender. Dy flagge stiet ek foar it earst op it Provinsjehûs.
By reinbôgegemeenten lykas De Fryske Marren en Smellingerlân is de flagge te sjen. De flagge symbolisearret dat eltsenien unyk is en der wêze mei. Op it Provinsjehûs is foar it earst de reinbôgeflagge te sjen, no't provinsje Fryslân in saneamde Reinbôgeprovinsje is.

Sipke Jan Bousema: "Grutsk"

Ek presintator Sipke Jan Bousema wie by it Provinsjehûs. "Trots laten zien dat je veilig en beschermd je eigen kleuren mag tonen. Dat we samen daarvoor staan," skriuwt hy op sosjale media. Hy hat him bot ynset om fan Fryslân in Reinbôgeprovinsje te meitsjen.
Eltsenien moat himsels wêze kinne en him akseptearre en feilich fiele, sa lit it COC witte as belange-organisaasje. Sûnt 2009 wurdt dizze dei ek yn Nederlân organisearre. It bestiet ynternasjonaal al sûnt 1988. Eins is de dei op 11 oktober, mar om't dat op in snein falt, wurdt de flagge op 9 oktober úthongen.