GroenLeven wreidet driuwend sinnepark op âlde sânwinplasse Aldehaske út

Gemeente Hearrenfean hat foarige wike in erfpachtoerienkomst sletten mei GroenLeven foar de oanlis fan in driuwend sinnepark op de eardere sânwinplasse yn Aldehaske. De enerzjyleveransier bout op it stuit al in driuwend sinnepark op in lytser diel fan de plasse. It is de bedoeling dat de folsleine plasse dêrmei in nije, duorsume bestimming krijt. It stribjen is dat it park fan 2022 ôf enerzjy leveret.
© Gemeente Hearrenfean
GroenLeven realisearret op it stuit in driuwend sinnepark op it noardwestlik part fan de sânwinplasse. It oare, gruttere part fan de plasse is eigendom fan de gemeente en wurdt al inkelde jierren net mear brûkt. Troch ûndertekening fan de erfpachtoerienkomst krijt GroenLeven de mooglikheid om ek op dit part fan de eardere sânwinplasse in sinnepark te realisearjen.
It sinnepark sil nei ferwachting in fermogen hawwe fan tweintich megawatt. Dat is goed foar likernôch 7 persint fan it elektrisiteitsgebrûk fan de gemeente.

Mienskip

Foar de gemeente Hearrenfean wie it in wichtige betingst dat de mienskip profitearret fan it sinnepark. Yn de oerienkomst is fêstlein dat GroenLeven in bydrage stoart yn it noch op te rjochtsjen Duurzaamheidsfonds fan de gemeente. Dit fûns lit opbringsten út enerzjyprojekten werom floeie nei lokale duorsumensinisjativen. Ek krije lokale enerzjykoöperaasjes de mooglikheid om it sinnepark nei ôfrûning fan de bou oer te keapjen.

Lokale ynset

Dêrneist binne yn de oerienkomst ôfspraken makke oer it belûken fan lokale ûndernimmers en it ûnderwiis by de bou fan it sinnepark. Wethâlder Jelle Zoetendal: "Dit nije projekt biedt kânsen om Hearrenfeanske ûndernimmers te stypjen. Ek stimulearje we dat ynwenners mei in ôfstân ta de arbeidsmerk hjir wurkûnderfining krije. Sa sille we tegearre mei GroenLeven duorsum maatskiplik ûndernimme."
Omwenners en bedriuwen binne tongersdeitemiddei op in foarljochtingsgearkomste ynformearre oer de plannen.