Operaasje Fryske Flagge: Jorrit Pultrum yn Portugal; "Ik ha noch altyd in soad mei Fryslân"

09 okt 2020 - 10:58

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike prate wy mei Jorrit Pultrum. Hy wennet it Portugeeske Lissabon.

Foto: Jorrit Pultrum

Sûnt it neijier fan 2017 wennet Jorrit Pultrum yn Portugal. De kar om nei Lissabon ta te gean, hie foar Jorrit bot te krijen mei it Fryske waar. "Ik seach de winter yn Nederlân net sitten, ik tocht ik moat mar ris wat oars besykje. Doe bin ik hjir hinne gien." It wie him dus net perfoarst om Lissabon as einbestimming te dwaan. "It wie it earste dat foarby kaam, wêr't ik wurk krije koe. It wie in soart ympuls. Ik ha sollisitearre, en trije wiken letter siet ik hjirre." Hy hie it idee om in jier yn Lissabon te bliuwen, mar yntusken is it alwer trije jier fierder, it befalt him bêst.

Nederlânsk as fiertaal

De coronakrisis giet ek Lissabon net foarby. "Ik wurkje hjir yn in callcenter, wy dogge de reservearringen foar hotels. Op it stuit binne it fansels in soad annulearringen." Ek al wurket hy yn Portugal, de fiertaal mei de kliïnten op it wurk is Nederlânsk, it binne de Nederlânske toeristen dêr't hy mei yn petear giet. Foar de rest hoecht hy him yn Lissabon net te ferfelen. "It is fansels in grutte stêd mei in hiel soad te dwaan. Der binne konserten, en der is ek in soad op strjitte te dwaan. It is no, troch de situaasje, fansels allegear wat minder, mar der is noch hieltyd in soad te dwaan."

Unwennigens mei flagen

Sa út en troch hat Jorrit noch wol ûnwennigens. "Mei flagen, soms mear en soms minder. Mar it is der absolút wol. Unwennigens nei de famylje en de freonen, mar ek nei de rêst fan Fryslân. Ik wenje no yn de grutte stêd, dan misse jo dat wol. Ik ha noch altyd in soad mei Fryslân." Hy is der noch net út oft er bern ha wol letter, mar as dat heve sil, dan soe hy wol werom gean nei Fryslân. "Ik ha in Spaanske freondinne, mar as dat der fan komt, wol ik nei Fryslân."

Jorrit Pultrum

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 150 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(advertinsje)
(advertinsje)