Wethâlder Gelbrig Hoekstra fan Tytsjerksteradiel bliuwt oan

09 okt 2020 - 10:56

Gelbrig Hoekstra (CDA) hoecht net op te stappen as wethâlder yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Se oerlibbe in moasje fan wantrouwen dy't ynstjinne wie troch de fjouwer opposysjepartijen, VVD, PvdB, GrienLinks en PvdA. Dy moasje waard mei 13 tsjin 8 stimmen fuortstimd by in spoeddebat tongersdeitejûn.

Wethâlder Gelbrig Hoekstra fan Tytsjerksteradiel bliuwt oan

It debat gong tongersdeitejûn oer de posysje en de rol fan boargemaster en wethâlders yn de gearwurking mei FC Burgum en de nijbou fan de sporthal Nije Westermar. It wie oanfrege troch de fjouwer opposysjefraksjes.

De nije fúzjeklup FC Burgum hat himsels ynkocht yn de nije sporthal en is de útbater fan de kantine. De âlde kantine fan VV Burgum is kocht troch de gemeente, om te brûken as azc-skoalle.

Wethâlder Hoekstra fan Tytsjerksteradiel oan it wurd - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Hoekstra soe wichtige ynformaasje efterholden en de ried te let ynformearre hawwe. Ek wurdt der twivele oan de yntegriteit fan de sportwethâlder, om't se earst haadsponsor wie fan de fuotbalklup yn Burgum. Se soe dy klup befoardiele ha, sa fermoedzje sommige leden fan de opposysje.

Yn it debat gong it der soms heftich oan ta. Leden fan de koalysjepartijen CDA, FNP en CU neamden it in djiptepunt yn de politike skiednis fan Tytsjerksteradiel. De wethâlder sei nei ôfrin dat sy it debat net noflik fûn, mar dat it goed is dat alles útsprutsen is. Se fynt it har taak rjochting de boargers fan de gemeente om troch te gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)