Teehûs op Noarderbegraafplak Ljouwert slút doarren fanwege coronafirus

09 okt 2020 - 10:55

It Teehûs op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert slút fan dit wykein ôf de doarren. Neffens it bestjoer fan it Teehûs is it fanwegen it coronafirus net langer ferantwurde om iepen te bliuwen. It bestjut dat bygelyks it 'Allerzielen' yn novimber net trochgean kin, wêrby't oars minsken dy't ferstoarn binne betocht wurde.

Foto: Google Streetview

Benammen de strangere maatregels dy't ôfkundige binne de reden om foarearst ticht te gean. "Dat hat it swierder makke, wêrtroch't wy net mear ynstean koene foar it fertroude Teehûsgefoel," sa skriuwt it bestjoer yn in ferklearring.

It Teehûs is in plak wêr besikers fan it begraafplak efkes sykhelje kinne. Minsken kinne der ite en drinke of wat lêze. It wurdt folslein yn stân hâlden troch frijwilligers en is ôfhinklik fan fûnsen, jeften, donateurs en subsydzjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)