Gemeente Ljouwert siket in Bernedichter

Gemeente Ljouwert siket mei in spesjale ferkiezing in Bernedichter. Dat moat in basisskoallelearling wêze fan tusken de 10 en de 12 jier âld. De útferkeazene mei aanst fjouwer kear yn it jier in gedicht skriuwe en mei oan ferskate optredens meidwaan. De Bernedichter mei de Fryske haadstêd in jier lang fertsjintwurdigje mei poëzy en krijt profesjonele begelieding.
© Shutterstock.com (Valery Sidelnykov)
Ferskate basisskoallen yn de gemeente krije besite fan in echte dichter. Dichters Kate Schlingemann, Arjan Hut en Marit Jellema sille by ferskate klassen del foar in workshop. Ek wurde der op poëzy ynspirearre keunstwurken makke.
Op 13 novimber makket in sjuery ûnder lieding fan wethâlder Hein Kuiken de winner bekend. Yn novimber moatte de gedichten fan de finalisten útstald wurde yn dbieb.
It giet om in projekt fan Poëziepaleis yn gearwurking mei Kunstkade, Explore the North, Writer's Block en dbieb.