Hast de helte fan de Fryske skoalkoepels docht Swarte Pyt yn de ban

09 okt 2020 - 16:10

Njoggen fan de 21 skoalkoepels yn Fryslân jouwe oan dat se gjin Swarte Piten mear ha sille by harren Sinteklaasfeest. Dat blykt út in omfraach fan Omrop Fryslân. Fan de oare tolve basisskoalkoepels jouwe acht oan dat de skoallen dit sels bepale meie en fjouwer koepels witte noch net wat se dogge mei de kleur fan de piten.

fideo skoalle

Wat opfalt, is dat it foaral de lytsere koepels binne dy't derfoar kieze om fan Swarte Pyt ôf te stappen. Yn totaal hawwe dy koepels 107 skoallen ûnder harren dêr't dit jier kleure of 'roetveeg'-piten wêze sille. Wylst de koepels dy't de skoallen it sels kieze litte yn totaal 176 skoallen ûnder harren ha.

Dat is begryplik fynt Teo de Groot fan CBO-NWF. "Us 17 skoallen binne in diel fan in doarp of stêd. De koepel wol dêrom dat skoallen harren oanpasse oan by wat der yn harren past." Wol jout De Groot oan dat al harren skoallen der sels foar keazen hawwe om fierder te gean mei 'roetveeg'-piten.

"Eigen gewoonten en tradities"

Ek de koepel BMS jout dit oan as reden. "De BMS-scholen zijn verspreid over 10 verschillende gemeenten en 33 verschillende steden en dorpen in Friesland. Allemaal met eigen gewoonten en tradities. Daar gaan we met respect mee om. In de praktijk hebben we dan ook verschillende soorten zwarte pieten. Juist in deze discussie is het van belang om respect te hebben voor ieders standpunten."

Een aantal mensen zegt dat het Sinterklaasfeest ons wordt afgepakt.

Harrie Steenstra, skoalkoepel Noventa

Dochs binne der in soad koepels dy't besletten ha dit jier it roer om te smiten. Ambion is in koepel mei 24 skoallen yn de gemeenten De Fryske Marren en Hearrenfean. Yn in skriftlike reaksje stiet: "Dit past niet meer bij hoe wij aankijken tegen waar zwarte pieten vandaan komen en dit kinderfeest. Wij volgen het landelijke debat hierover en de ontwikkeling zoals deze is vormgegeven in het Jeugdjournaal. We proberen op een organische, maar wel sturende manier het Sinterklaasfeest te hervormen. We willen het graag een feest laten blijven voor de kinderen, zonder de piet uit het verleden maar met allerlei nieuwe pieten in het heden."

"Kwetsen voorkomen"

CBO Meilân, in koepel fan fyftjin skoallen yn de gemeenten Hearrenfean en De Fryske Marren, hellet ek in streek troch Swarte Pyt. "Het is een kinderfeest, we kiezen hierbij om het accent op Sinterklaas te leggen en geen mensen willens en wetens te kwetsen", skriuwt it bestjoer en direksjeteam fan de skoalkoepel. "Wanneer we het kwetsen van mensen kunnen voorkomen zullen we dat niet nalaten", jout de bestjoerder oan. "Tot nu toe volgden wij de lijn die werd uitgezet door het Sinterklaasjournaal."

Foto: Omrop Fryslân

Oerienkomst

Trije koepels yn it noardeasten fan Fryslân (PCBO Ferwerderadiel, stichting Noventa en PCBO Dantumadiel) ha bekend makke dat se in oerienkomst ha. Se stappe allegear ôf fan Swarte Pyt. Ien dêrfan is stichting Noventa mei 12 skoallen. Bestjoerder Harrie Steenstra fertelt wêrom dit beslút naam is: "Er zijn op onze scholen niet zo veel kinderen met kleur. Maar we hebben vorig jaar vanuit gezinnen gevoelige reacties gehad. En als er al één kind is dat er moeite mee heeft, dan moet je daar wat mee."

Harrie Steenstra fan Noventa

Wjerstân

Der is wol wjerstân tsjin dit beslút, seit Steenstra: "Er is natuurlijk weerstand. Een aantal mensen zegt dat het Sinterklaasfeest ons wordt afgepakt. Tussen die belangen proberen we met liefde en begrip te handelen. Maar het moet toch niet zo zijn dat een kinderfeest mensen kan kwetsen."

Hokker skoalkoepels ha dit jier gjin Swarte Pyt?

Skoalkoepel Oantal skoallen
Ambion 24
PCBO Leeuwarden 16
CBO Meilân 15
Roobol 13
Noventa 12
De Tjongerwerven 9
Noorderbasis 7
PCBO Dantumadiel 6
PCBO Ferwerdadeel 5
Totaal: 107 skoallen

Hokker skoalkoepels litte harren skoallen sels bepale?

Skoalkoepel Hoefolle skoallen
Stichting Comprix 39
BMS 33
Proloog 23
Arlanta 22
Elan Onderwijsgroep 21
CBO-NWF 17
Odyssee 15
VCSO 6
Totaal: 176 skoallen

Omrop Fryslân hat 21 skoalkoepels benadere en kin dêrtroch in oersjoch jaan fan de situaasje op 347 basisskoallen yn Fryslân. It totale oantal basisskoallen yn Fryslân is neffens DUO (Dienst Uitvoering Onderwijs) 376.

(Advertinsje)
(Advertinsje)