Kollum: "High tea"

"Ofrûne snein haw ik mei twa freondinnen in high tea hân en dat dogge wy wol faker. Wy fine it gesellich om inoar op dizze wize út en troch te moetsjen en by te kletsen. Ûnder it genot fan ferskate soarten tee en de meast hearlike hapkes binne der samar in pear oeren om. Wy kieze altyd foar de fariant mei swiete én hertlike hapkes en ik wurd hiel gelokkich fan in etazjêre fol taart en bonbons. It fielt hiel lúks, benammen as alles ek sa kreas servearre wurdt.
© Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Snein begûnen wy mei in lyts skaaltjse pompoensop, krigen wy in read bitebroadsje mei tsiis, in stikje quiche en noch folle mear lekker iten. De tee siet yn doaskes en as de teepôt leech wie, dan koest him op 'e hoeke fan 'e tafel sette. Dan waard er ophelle en wer byfolle.
Mar wat ús dizze kear bot tsjinfoel, wie it plak dêr't wy sieten. It wie binnen, mar de doar nei de hal en de bûtendoar stiene iepen, dus it sige. Doe't wy dêr wat fan seine, koe de doar aldergeloks wol ticht. Mar geandewei de middei waard it hieltyd drokker en de measte minsken, ynklusyf it persoaniel lieten alle kearen dy ferrekte doar iepen stean.
Om bar giene wy derhinne om him wer ticht te dwaan en dy doar pipe freeslik. Mar as er ticht gie, makke er ek in bepaald lûd dus it hiele skoft dat wy dêr sitten ha wie it 'Piip! Bats! Piip! Bats!' Eltsenien dy't yn 'e buert by dy doar siet, kaam wol in kear oerein om him wer ticht te dwaan. Mar it duorre noait lang want dan stie er wer iepen en begûn it sirkus op 'e nij.
Earlik sein koe ik dêr wol gek fan wurde, mar ja, wolst ek net altyd seure. Aldergeloks fûnen myn freondinnen it ek ferfelend en wy wiene it iens dat we hjir net wer hinne hoegden. Dan kinst fansels fine dat we in stel krityske âlde wiven binne en dat is miskien ek wol sa want ús earste high tea wie op Lauswolt en dat wie tagelyk de bêste ûnderfining oant no ta.
We sieten dêr yn in deftige mar smûke keamer op in noflike bank en stuollen, yn stee op fan dy hurde houten kafeestuollen. It wie ek in aparte romte, dus gjin rinrûte fan oare gasten of persoaniel en gjin piipjen en batsen fan doarren. De temperatuer wie ek goed en soks fyn ik hiel wichtich. Ik fyn it net gesellich ast earne komst dêr't it siicht of kâld is en op Lauswolt wie de tee ek hiel bysûnder.
Dêr stiene gjin blikjes op tafel, mei fan dy ûnhandige pûdsjes dêr'tst de teeblêdsjes sels yn grieme moatst. De tee waard servearre yn in sulveren teepôt en de smaak wie sublym! Wat ús oanbelanget wie dat dus mei stip de bêste high tea dy't we hân hawwe mar jimme moatte no net tinke dat wy in freeslik stel bedoarne minsken binne.
Wy hawwe innoar fiif jier lyn kennen leard troch ús hynders en sadwaande sjogge wy der ornaris yn it deistige libben út as in stel boerinnen. We skeppe stront, geane troch waar en wyn en hawwe faker de âlde klean oan as de pronk. Mei yl op 'e hannen sjouwe we mei pakjes hea om en as wy op jûntiid de holle skjinmeitsje dan is it watsje swart. Hege hakken drage wy net, dochs skoppe wy de rubberlearzens graach út foar in high tea. Mar dan it leafste al in bytsje op nivo want in low tea kin thús wol. Tips binne wolkom!"